John Edward Gray
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Edward Gray
nasjonaliteit Britsk
berne 12 febrewaris 1800
berteplak Walsall (Ingelân)
stoarn 7 maart 1875
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt biolooch
aktyf as ornitolooch, mammalooch,
herpetolooch, malakolooch,
entomolooch, soölooch,
publisist, konservator
jierren aktyf 18201875

John Edward Gray (Walsall, 12 febrewaris 1800Londen, 7 maart 1875) wie in Ingelsk biolooch, dy't benammen wurksum wie op 'e mêden fan 'e ornitology(fûgels), de mammalogy (sûchdieren), de herpetology (reptilen) en de malakology (weakdieren). As konservator fan it Britsk Museum publisearre er ferskate katalogussen oangeande de soölogyske kolleksje fan dy ynstelling, dy't troch syn krewearjen ien fan 'e bêsten fan 'e wrâld waard. Gray wie fierders ek ien fan 'e grûnlizzers fan 'e filately. Syn frou Maria Emma Smith wie ek wittenskipster.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Gray waard yn 1800 berne yn Walsall, in stedsje yn it Ingelske Midlân, deunby Birmingham, mar as lyts jonkje ferfear er mei syn âlden nei de Britske haadstêd Londen ta, dêr't er opgroeide. Hy wie de soan fan 'e foaroansteande Ingelske botanikus en farmakolooch Samuel Frederick Gray, en in âldere broer fan 'e soölooch George Robert Gray. Hy studearre medisinen en holp sn heit by it skriuwen fan The Natural Arrangement of British Plants (1821). Nei't de Linnean Society of London, in plantkundige feriening, syn oanfraach foar lidmaatskip ôfwiisd hie, kearde Gray him ôf fan 'e botany en lei er him tenei ta op 'e soölogy.

Karriêre

Syn ierste ûnderfining op dat mêd wie it sammeljen fan ynsekten foar it Britsk Museum, in putsje dêr't Gray mei fyftjin jier er op frijwillige basis mei úteinsette. Yn 1824 joech er him offisjeel by de Soölogyske Ofdieling fan it museum, dêr't er as assistint fan 'e herpetolooch John George Children holp by it katalogisearjen fan 'e reptilekolleksje. Yn 1833 rjochte Gray in organisaasje op dy't him letter ûntjaan soe ta it Keninklik Entomologysk Genoatskip fan Londen. Yn 1840 folge er Children op as konservator fan 'e Soölogyske Ofdieling, wêrnei't er dy funksje sels 35 jier lang beklaaie soe.

Yn dy tiid publisearre Gray mear as tûzen artikels, dy't gauris de earste wittenskiplike beskriuwing fan nije soarten omfetten. Dêrby lei er him benammen ta op 'e stúdzje fan fûgels (ornitology), reptilen (herpetology) en weakdieren (malakology). Ek wied er aktyf as saakkundige op it mêd fan 'e stúdzje fan sûchdieren (mammalogy), wêrby't syn ynteresse grutdiels útgie nei de walfiskeftigen en de flearmûzen. Dêrby wurke Gray gear mei de bekende keunstner Benjamin Waterhouse Hawkins, dy't tekenings by syn wurk makke, û.m. yn Gleanings from the Menagerie at Knowsley. (Knowsley Park, by Liverpool, stifte troch Edward Stanley, 13e greve fan Derby, wie ien fan 'e grutste partikuliere menazjeryen fan fiktoriaansk Ingelân.)

Priveelibben en dea

Yn 1826 troude Gray mei Maria Emma Smith (1787-1876), mei wa't er trettjin jier skeelde, en dy't in eigen karriêre hie as konkologe en algologe (en dus saakkundich wie op it mêd fan skelpen en algen). Hja holp him ek by syn wittenskiplike wurk, en levere dêrfoar gauris de byhearrende tekenings. Gray hie ek grutte belangstelling foar postsegels, en wie ien fan 'e grûnlizzers fan 'e filately, dêr't er ek ferskate publikaasjes oer útbrocht. Gray ferstoar yn 1875 yn Londen, yn 'e âlderdom fan 75 jier.

Wurk (in kar)

(ynkl. bydragen oan)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.