28 juny - Prinsesse Wilhelmina besiket fanút NymwegenDe Haach te berikken om stipe te krijen. Hja wurdt by Vlist oanholden troch patriotten en nei Goejanverwelleslûs brocht.
heal augustus - Hollân freget om stipe út de oare gewesten, omdat Freark Willem II, de kening fan Prusen en de broer fan prinsesse Wilhelmina, driget mei yntervinsje as Hollân net syn ûntskuldigings oanbiedt foar har behanneling. Yn Delft wurdt noch in patriottysk stedsbestjoer ynsteld. In tsiental patriottyske steateleden yn Fryslân wegeret him del te lizzen by de reäksjonêre besluten en lûkt him werom yn Frjentsjer. Yn ferskate stêden wurde definsive maatregels troffen. De spanning rint op.
15 septimber - In Prusyskleger tsjocht op tsjin 'e stêd Utert, ferdigene troch Freark III fan Salm-Kyrburg. De patriotten út Utert naaie út nei Amsterdam. Yn Fryslân hâlde de patriotten it noch in wike langer út. As de stimming ûnder de befolking omslein is, wurde ek Frjentsjer en Boalsert opjûn.
hjerst - Troch de yntervinsje fan Prusen is de driigjende boargeroarloch tusken de patriotten en de prinselju smoard. In soad patriotten wurde finzen nommen of pike út nei Frankryk.