Reptilen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
boppeklasse: fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
(sûnder rang): sauropsiden (Sauropsida)
klasse: reptilen (Reptilia)
Laurenti, 1768

De reptilen (Latynske namme: Reptilia) foarmje in (parafyletyske) klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Dêrbinnen wurde se tsjintwurdich ornaris mei de fûgels (Aves) yndield by de sauropsiden (Sauropsida). Ta de reptilen wurde de slangen, hagedissen, skyldpodden en krokkedillen rekkene. De tûke fan 'e biology dy't reptilen bestudearret, hjit de herpetology.

Skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reptilen ûnderskiede har fan oare libbensfoarmen troch in krûpende fuortbeweging, itsij trochdat de poaten oan 'e sydkanten fan it lichem sitten, itsij om't se hielendal gjin poaten (mear) hawwe. Oare skaaimerken binne kâldbloedichheid, it hawwen fan skobben en it lizzen fan aaien mei in ekstra membraan (oftewol in kalkene skaal) deromhinne om fuortplanting op it lân mooglik te meitsjen. Gjinien fan dizze skaaimerken is lykwols ta reptilen beheind: lidpoatigen krûpe ek; amfibyen binne kâldbloedich; fûgels hawwe skobben (op 'e poaten); en fûgels en guon sûchdieren lizze aaien mei in skaal deromhinne. It is de kombinaasje fan 'e beskreaune eigenskippen dy't in bist ta in reptyl makket.

Untwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierst bekende reptilen ûntstiene sa'n 315 miljoen jier lyn, yn it Karboan, út heechûntwikkele reptyleftige amfibyen, dy't har wat langer wat better oanpasten oan it libben op it lân. Guon groepen reptilen stoaren neitiid út by massale útstjerrensfoarfallen, lykas dy oan 'e ein fan it Mesosoïkum, dy't ek de dinosauriërs lytsman makke. Lykwols bewenje moderne reptilen no alle kontininten útsein Antarktika. Yn grutte rinne se útinoar fan 'e minuskule dwerchgekko (Sphaerodactylus ariasae), dy't 17 mm lang wurdt, oant de seekrokkedil (Crocodylus pororus), dy't in lingte fan 6 m en in gewicht fan mear as in ton berikke kin.

Taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De taksonomyske yndieling fan reptilen is problematysk, mei't de tradisjonele groepen fan 'e slangen en hagedissen, de krokkedillen en de skylpodden eins ferspraat binne oer in ôfstamming dy't ek de dinosauriërs en de fûgels omfiemet. De krokkedillen, bygelyks, binne folle nauwer besibbe oan 'e fûgels as oan 'e hagedissen of de skylpodden. Dêrom soene de dinosauriërs en de fûgels dus eins ek as reptilen beskôge wurde moatte, mar by fûgels wurdt dat nea dien. Dinosauriërs waarden foarhinne wol as reptilen sjoen, mar ûnderwilens hat men substansjeel fossyl bewiismateriaal opdold dêr't út blykt dat ek dy net (of net alle) boppeneamde reptyleftige skaaimerken dielden. Sadwaande beskôgje wittenskippers de term "reptilen" tsjintwurdich oer it algemien as parafyletysk en dus efterhelle, en sprekke se ynstee leaver fan sauropsiden, dêr't sawol de reptilen as de dinosauriërs en de fûgels ûnder beflapt wurde kinne. Yn it spraakgebrûk fan leken is de term "reptilen" lykwols sa ynboargere dat it ûnreälistysk is om te ferwachtsjen dat er ea yn ûnbrûk reitsje sil.

Klassifikaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder de wittenskiplike opbou fan 'e sauropsiden, ynklusyf de reptilen, de dinosauriërs en de fûgels.

  • sauropsiden (Sauropsida)
    • klasse reptilen (Reptilia) (omstriden)
      • ûnderklasse anapsiden of inkelbôgigen (Anapsida)
        • skift mesosauriërs (Mesosauria) †
        • boppeskift beneireptilen (Parareptilia) †
          • skift millerosauriërs (Millerosauria) †
          • skift prokolofondieren (Procolophonomorpha) †
      • rangleas takson echte reptilen (Eureptilia)
        • famylje kotylosauriërs (Captorhinidae) †
        • rangleas takson reptyleftigen (Romeriida)
          • skaai hylonomus (Hylonomus) †
          • skaai paleotyris (Paleothyris) †
          • famylje oerskyldhûdigen (Protorothyrididae) †
          • ûnderklasse diapsiden of dûbelbôgigen (Diapsida)
            • skift rankskonkigen (Araeoscelidia) †
            • rangleas takson nije diapsiden (Neodiapsida)
              • skaai keniasaurus (Kenyasaurus) †
              • skaai klaudiosaurus (Claudiosaurus) †
              • skaai lantolania (Lanthanolania) †
              • skaai orovenator (Orovenator) †
              • skaai paleägama (Palaeagama) †
              • skaai saurosternon (Saurosternon) †
              • famylje tangasauriërs (Tangasauridae) †
              • famylje weigeltisauriërs (Weigeltisauridae) †
              • boppefamylje younginydeftigen (Younginiformes) †
                • famylje younginiden (Younginidae) †
              • rangleas takson ichtyosaurusdieren (Ichthyosauromorpha) †
                • skift Hubeikrokkedillen (Hupehsuchia) †
                • rangleas takson ichtyosauruseftigen (Ichthyosauriformes) †
                  • rangleas takson noassnutigen (Nasorostra) †
                  • boppeskift echte ichtyosauruseftigen (Ichthyopterygia) †
                    • skaai isfjordosaurus (Isfjordosaurus) †
                    • famylje omfalosauriërs (Omphalosauridae) †
                    • famylje parvinatoreftigen] (Parvinatatoridae) †
                    • famylje taisauriërs (Thaisauridae) †
                    • famylje ûtatsûsauriërs (Utatsusauridae) †
                    • rangleas takson echte ichtysauriërs (Eoichthyosauria) †
                      • skift anker-ichtyosauriërs (Grippidia) †
                      • skift ichtyosauriërs (Ichthyosauria) †
              • rangleas takson sauriërs (Sauria)
                • skaai atopodentatus (Atopodentatus) †
                • rangleas takson archosaurusdieren (Archosauromorpha)
                  • skift halsleazen (Choristodera) †
                  • rangleas takson krokkedilpoatigen (Crocopoda)
                    • famylje foarhagedissen (Prolacertidae) †
                    • skift allokotosauriërs (Allokotosauria) †
                    • skift rynchosauriërs (Rhynchosauria) †
                    • rangleas takson archosauruseftigen (Archosauriformes)
                      • famylje foarkrokkedillen (Proterosuchidae) †
                      • famylje reade krokkedillen (Erythrosuchidae) †
                      • rangleas takson echte krokkedilpoatigen (Eucrocopoda)
                        • famylje euparkeriïden (Euparkeriidae) †
                        • rangleas takson oerkrokkedildieren (Proterochampsia) †
                        • rangleas takson ankelknierigen (Crurotarsi)
                          • skift fytosauriërs (Phytosauria) †
                          • rangleas takson archosauriërs (Archosauria)
                            • rangleas takson beneifûgeldieren (Avemetatarsalia)
                              • skift afanosauriërs (Aphanosauria) †
                              • rangleas takson fûgelhalzigen (Ornithodira)
                                • rangleas takson dinosaurusdieren (Dinosauromorpha)
                                  • famylje lagerpetoneftigen (Lagerpetidae) †
                                  • dinosauruseftigen (Dinosauriformes)
                                    • famylje silesauriërs (Silesauridae) †
                                    • rangleas takson dinosauriërs (Dinosauria)
                                      • skift fûgelheupigen (Ornithischia) †
                                      • skift reptylheupigen (Saurischia)
                                        • rangleas takson echte reptylheupigen (Eusaurischia)
                                          • rangleas takson bistpoatigen (Therapoda)
                                            • rangleas takson nije bistpoatigen (Neotherapoda)
                                              • rangleas takson fûgelsnutigen (Averostra)
                                                • rangleas takson stiifsturtigen (Tetanurae)
                                                  • rangleas takson orioniden (Orionides)
                                                    • rangleas takson megalosauruseftigen (Megalosauroidea)
                                                      • rangleas takson selurosauriërs (Coelurosauria)
                                                        • rangleas takson tyrannoraptors (Tyrannoraptora)
                                                          • rangleas takson maniraptoreftigen (Maniraptoriformes)
                                                            • rangleas takson maniraptors (Maniraptora)
                                                              • rangleas takson beneifûgeleftigen (Aveairfoila)
                                                                • rangleas takson pennaraptors (Pennaraptora)
                                                                  • rangleas takson beneifûgels (Paraves)
                                                                    • rangleas takson echte maniraptors (Eumaniraptora)
                                                                      • rangleas takson fûgelwjukten (Avialae)
                                                                        • rangleas takson echte fûgelwjukten (Euavialea)
                                                                          • rangleas takson koartsturtfûgeldieren (Avebrevicauda)
                                                                            • rangleas takson stobsturtigen (Pygostylia)
                                                                              • rangleas takson fûgelboarstigen (Ornithothoraces)
                                                                                • rangleas takson echte fûgeleftigen (Euornithes)
                                                                                  • rangleas takson fûgelsturteftigen (Ornithuromorpha)
                                                                                    • rangleas takson fûgelsturtigen (Ornithurae)
                                                                                      • klasse fûgels (Aves): >10.500 soarten
                                • rangleas takson pterosaurusdieren (Pterosauromorpha) †
                                  • skift pterosauriërs (Pterosauria) †
                            • rangleas takson ûnechte krokkedildieren (Pseudosuchia)
                              • famylje fûgelkrokkedillen (Ornithosuchidae) †
                              • rangleas takson krokkedildieren en sibben (Suchia)
                                • famylje grasilosuchiden (Gracilisuchidae) †
                                • skift aitosauriërs (Aetosauria) †
                                • rangleas takson beneikrokkedildieren (Paracrocodylomorpha)
                                  • boppefamylje poposauriërs (Poposauroidea) †
                                  • rangleas takson beneikrokkedileftigen (Loricata)
                                    • famylje prestosuchiden (Prestosuchidae) †
                                    • famylje rauisuchiden (Rauisuchidae) †
                                    • rangleas takson echte beneikrokkedileftigen (Bathyotica)
                                      • famylje krokkedilreptilen (Erpetosuchidae) †
                                      • boppeskift krokkedildieren (Crocodylomorpha)
                                        • famylje hallopuseftigen (Hallopodidae) †
                                        • rangleas takson echte krokkedildieren (Crocodyliformes)
                                          • famylje Gobykrokkedillen (Gobiosuchidae) †
                                          • famylje oerkrokkedillen (Protosuchidae) †
                                          • rangleas takson middenkrokkedildieren (Mesoeucrocodylia)
                                            • rangleas takson nije krokkedildieren en sibben (Metasuchia)
                                              • skift súdlânkrokkedillen (Notosuchia) †
                                              • rangleas takson nije krokkedildieren (Neosuchia)
                                                • skift holkaakkrokkedillen (Coelognathosuchia) †
                                                • skift oseaankrokkedillen (Thalattosuchia) †
                                                • rangleas takson echte nije krokkedildieren (Eusuchia)
                                                  • famylje atoposauriërs (Atoposauridae) †
                                                  • famylje benei-alligators (Paralligatoridae) †
                                                  • famylje oerwâldkrokkedillen (Hylaeochampsidae) †
                                                  • skift krokkedileftigen (Crocodilia): 25 soarten (krokkedillen, alligators, kaaimannen en gavialen)
                  • skift protorosauriërs (Protorosauria) †
                  • rangleas takson skylpoddieren (Pantestudines)
                    • skaai eunotosauriërs (Eunotosaurus) †
                    • skaai odontochelys (Odontochelys) †
                    • skaai pappochelys (Pappochelys) †
                    • boppeskift reptylfinnigen (Sauropterygia) †
                      • rangleas takson oerreptylfinnigen (Eosauropterygia) †
                        • skift notosauruseftigen (Nothosauroidea) †
                          • ûnderskift notosauriërs (Nothosauria) †
                          • ûnderskift pachypleurosauriërs (Pachypleurosauria) †
                        • rangleas takson pistosauruseftigen (Pistosauroidea) †
                          • rangleas takson pistosauriërs (Pistosauria) †
                            • skift plesiosauriërs (Plesiosauria) †
                      • rangleas takson plakodonteftigen (Placodontiformes) †
                        • skaai palatodonten (Palatodonta) †
                        • skift plakodonten (Placodontia) †
                    • rangleas takson skylpodeftigen (Testudinata)
                      • skaai australochelys (Australochelys) †
                      • skaai Hebridyske skylpodden (Eileanchelys) †
                      • skaai kayentachelys (Kayentachelys) †
                      • skaai kondorchelys (Condorchelys) †
                      • skaai proganochelys (Proganochelys) †
                      • famylje meiolaniïden (Meiolaniidae) †
                      • skift skylpodden (Testudines): 400 soarten
                • rangleas takson lepidosaurusdieren (Lepidosauromorpha)
                  • famylje kuehnosauriërs (Kuehneosauridae) †
                  • boppeskift lepidosauriërs (Lepidosauria)
                    • skift brêgehagediseftigen (Rhynchocephalia): 1 soarte (út Nij-Seelân)
                    • skift skobhûdigen (Squamata): 9.600 soarten (slangen, hagedissen en wjirmhagedissen)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.