Charlaine Harris
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charlaine Harris Schulz
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 novimber 1951
berteplak Tunica (Mississippy)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, detektiveferhalen
bekendste
  wurk(en)
The Southern Vampire Mysteries
útjouwer Ace Books
jierren aktyf 1981 – no
offisjele webside
www.charlaineharris.com

Charlaine Harris (folút: Charlaine Harris Schulz; Tunica (Mississippy), 25 novimber 1951) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't ta de sjenres fantasy, horror en detektivefiksje hearre. Hja is it bekendst wurden mei har romansearje The Southern Vampire Mysteries, ek bekend as de Sookie Stackhouse-searje. De rige is adaptearre ta de tillefyzjesearje True Blood, dy't op 'e Amerikaanske tillefyzje rûn fan 2008 oant en mei 2014. Guon fan har boeken groeiden út ta bestsellers, en de The Southern Vampire Mysteries binne yn in grut tal talen oerset.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Harris waard yn 1951 berne yn Tunica, yn 'e Mississippydelta fan 'e Amerikaanske steat Mississippy, dêr't se ek opgroeide. As tsiener skreau hja al gedichten oer spûken en ûnberiddenearre teener-eangst. Nei de middelbere skoalle learde Harris fierder oan it Rhodes Kolleezje yn Memphis (Tennessee), dêr't se úteinsette mei it skriuwen fan toanielstikken.

Karriêre

Nei't se har stúdzje ôfrûne hie, stapte Harris op in stuit oer nei it skriuwen fan detektiveromans. Har earste boek, Sweet and Deadly, ferskynde yn 1981, en har twadde, A Secret Rage, yn 1984. Beide boeken stiene op harsels, mar Harris har trêde roman, Real Murders, dy't yn 1990 útkaam, wie it earste diel fan 'e luchtige detektiverige Aurora Teagarden, wêrfan't yn 2017 it tsiende part ferskynde. Real Murders wie har earste echte súkses, en it boek waard yn 1990 nominearre foar in Agatha Award.

Nei noch fjouwer Aurora Teagarden-boeken ferskynde fan Harris yn 1996 Shakespeare's Landlord, it earste diel fan har Shakespeare-searje oer Lily Bard, in skjinmakster anneks detektive op it plattelân fan Arkansas. Yn 2001 kaam Shakespeare's Counselor út, it fyfde en lêste diel fan dy romansearje, dêr't noch it koarte ferhaal Dead Giveaway, oer deselde haadpersoan, op folge, dat yn desimber 2001 publisearre waard yn it Ellery Queen Mystery Magazine.

Yn maaie 2001 brocht Harris Dead Until Dark út, it earste diel fan The Southern Vampire Mysteries, wêryn't se detektiveferhalen yn in fantasy- en/of horrorsetting pleatste. Dy romansearje stiet ek wol bekend as de Sookie Stackhouse-rige, nei de namme fan 'e haadpersoan. De searje giet oer in telepatyske servearster dy't wurket yn in bar yn it fiktive plak Bon Temps yn noardlik Louisiana, en moarden oplost dêr't fampieren, wearwolven en oare boppenatuerlike wêzens by belutsen binne. Mei it earste diel, Dead Until Dark, wûn Harris yn 2001 de Anthony Award foar bêste paperback-detektiveroman. It twadde diel, Living Dead in Dallas, ferskynde yn 2003 en it trêde diel, Club Dead, yn 2004. Neitiid publisearre Harris elts jier in nij diel, oant se de rige yn 2013 besleat mei it trettjinde diel, Dead Ever After.

The Southern Vampire Mysteries wiene tige populêr en waarden oerset yn it Bulgaarsk, Deensk, Dútsk, Estysk, Finsk, Frânsk, Gryksk, Hebriuwsk, Hongaarsk, Iislânsk, Italjaansk, Japansk, Litousk, Nederlânsk, Noarsk, Poalsk, Portegeesk, Roemeensk, Servysk, Spaansk, Sweedsk en Tsjechysk. Behalven de trettjin romans skreau Harris ek in soarte fan lange epilooch, After Dead: What Came Next in the World of Sookie Stackhouse; in companionboek; en de ferhalebondel A Touch of Dead. The Southern Vampire Mysteries waarden troch tillefyzjestjoerder HBO adaptearre ta de populêre tillefyzjesearje True Blood, dy't sân seizoenen rûn (fan 2008 oant en mei 2014) en yn totaal 80 ôfleverings telde.

Yn oktober 2005 sette Harris mei de publikaasje fan it boek Grave Sight útein mei in nije romanrige, The Harper Connelly Mysteries. De ferhalen út dy searje wurde ferteld troch de jonge frou Harper Connelly, dy't, nei't se troch de wjerljocht troffen is, by steat blykt te wêzen om liken te finen en de lêste mominten fan 'e deaden te sjen. Yn 2010 ferkocht Harris de filmrjochten op The Harper Connelly Mysteries, hoewol't it anno 2020 noch net ta in ferfilming kommen is. Yn 2014 ferskynde it earste diel fan 'e Cemetery Girl-searje, in rige grafyske romans dy't Harris skreau mei Chistopher Golden, en dy't yllustrearre waard troch Don Kramer. Datselde jiers begûn Hallmark Movies & Mysteries Harris har Aurora Teagarden-searje te adaptearjen ta in stikmannich tillefyzjefilms, mei aktrise Candace Cameron Bure yn 'e haadrol. Harris har trilogy Midnight, Texas waard ta in tillefyzjesearje adaptearre dy't yn 2017 troch NBC útstjoerd waard.

Harris hat troch de jierren hinne as redaktrise ek seis blomlêzings fan fantasyferhalen gearstald, wêrfan fiif kear tegearre mei Toni L.P. Kelner.

Priveelibben

Harris troude yn 1978 mei Hal Schulz, mei wa't se trije (no folwoeksen) bern krige: Patrick, Timothy en Julia. Sy en har man binne ûnderwilens pake en beppe wurden. Harris wenne foarhinne jierrenlang yn Magnolia, yn Arkansas. Tsjintwurdich wennet se yn Teksas. Yn it ferline die se oan gewichtheffen en karate. Har hobbys binne lêzen en films sjen. Se is in aktyf lid fan 'e Episkopaalske Tsjerke. Yn Magnolia wie se koster fan 'e pleatslike St. James Episcopal Church. Harris is ek lid fan 'e Mystery Writers of America, in soarte fan fakferiening fan Amerikaanske detektiveromanskriuwers. Fierders is se belutsen by ferskate oare ferienings fan skriuwers fan detektivefiksje: de American Crime Writers League, de Sisters in Crime en de Arkansas Mystery Writers Alliance.

Wurk

As skriuwster

As redaktrise

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.