Wyk by Duerstede
Wijk bij Duurstede
Wetter yn de stedshaven
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Iris Meerts (PvdA)
sifers en geografy
haadplak Wyk by Duerstede
grutste plak Wyk by Duerstede
ynwennertal 23.917 (31 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 502 / km²
oerflak 50,40 km²
● wêrfan lân 37,62 km²
● wêrfan wetter 2,78 km²
tal stêden 1
tal doarpen 2
ferkearsieren ,
skiednis
oprjochte 1300
oar
netnûmer 0343
postkoade 3945, 3947, 3960-3962
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.wijkbijduurstede.nl
Topografyske gemeentekaart fan Wyk by Duerstede

Wyk by Duerstede (Nederlânsk en offisjeel: Wijk bij Duurstede) is in stêd en gemeente yn it suden fan de provinsje Utert.
De gemeente hat 23.917 ynwenners (31 jannewaris 2022, boarne: CBS) op in oerflak fan 50,3 km² wêrfan 2,68 km² wetter. Troch en lâns Wyk by Duerstede streame de rivieren Nederryn, Lek, Krûme Ryn en it Amsterdam-Rynkanaal.

De gemeente grinzget oan de gemeenten Houten, Bunnik, Utertske Heuvelrêch, Culemborg en Buren.

De gemeente bestiet fierder noch út de doarpen Cothen en Langbroek.

Nammeferklearring

Foar it nammediel Wyk wurde ferskillende ferklearrings jûn, it soe ûnder mear werom gean op it Romeinske vicus, of it Germaanske wik dat "bocht" of "ynholte" betsjut.[1] It nammediel Duerstede lit him werliede ta it eardere handelsplak Doarestêd, hokker namme op syn minst diels fan Keltyske oarsprong is.[2]

Skiednis

Yn de Romeinske tiid stie hjir oan de Ryn in Romeinsk castellum, grif Levefanum. Ek rûn de noardlike grins (limes) fan it Romeinske Ryk dwers troch Wyk by Duerstede.

Fibula fan Doarestêd út ± 775-800 fûn yn de wetterput fan Doarestêd, no yn it Ryksmuseum fan Aldheden te Leien

Yn de iere midsiuwen lei der ien fan de wichtichste hannelsplakken fan Noardwest-Europa: Doarestêd. Om 850 foel Doarestêd troch oanfallen fan de Wytsingen. Sa wie oan frij resint de skiedskriuwing. Der wurdt wyls lykwols slim rekken mei hâlden dat natuerlike en (tsjerke)politike faktoaren yn kombinaasje mei de ferskowende machtsferhâldings nei alle gedachten in gruttere rol spilen. De Rynbêding soe him wat ferlein hawwwe, de haven soe yn dy tiid ek begjinne te fersânjen en dêroerhinne kaam in wetterstiging. It ferfal fan Doarestêd betsjutte bloei foar Tiel, Dimter en letter Utert. Der binne in soad fynsten dien yn en om Wyk by Duerstede út dizze skiednisperioades, dy't te sjen binne yn Museum Doarestêd.

Wyk by Duerstede krige yn 1300 stedsrjochten fan Gysbert fan Abcoude en wie boud oan in yn 1270 boude wentoer dy't groeie soe ta kastiel Duerstede. Koart dêrnei is grif begûn mei de ferdigening fan de stêd mei it oanbringen fan in ierden omwâling en omgrêfting wêrby't foar de omgrêfting diels gebrûk makke waard fan de âlde rivierbêdingen. Mids 14e iuw waard de stêd yn eastlike rjochting útwreide en fermoedlik waard yn dyselde perioade de stêd foarsjoen fan in stedsmuorre mei stedspoarten en fersterkingstuorren. De stedsmuorre en omgrêfing waarden om 1445 fernijd.[3]

Lizzing

De stêd út de loft, mei loftsboppe de Nederryn dy't oergiet yn de Lek, en rjochtsboppe it Amsterdam-Rynkanaal

De gemeente Wyk by Duerstede hat in lanlike lizzing boppe de grutte rivieren yn it midden fan Nederlân. It leit oan de krusing fan it Amsterdam-Rynkanaal mei de Lek en de splitsing fan de Nederryn yn de Lek en de Krûme Ryn.

Kearnen

De gemeente bestiet út de stêd Wyk by Duerstede (18.376 ynwenners) en is op 1 jannewaris 1996 gearfoege mei de gemeenten Cothen (2973 ynwenners) en Langbroek (2110 ynwenners).

Toerisme

Kastiel Duerstede

Kastielen

Mûnen

Ryksmonuminten

Festivals

Musea

Rekreaasjegebieten

Wiken

Molen Ryn en Lek mei de Runmolenpoarte

Takomstige bebouwing

Yndustry

Parken

Ferkear en ferfier

Ofstannen

Rivieren

Sicht op Wyk by Duerstede vanaf de Lek
Sicht op Wyk by Duerstede vanaf de Lek
Wykse fear
Wykse fear

Sport

Wyk by Duerstede hat in oantal sportferienings, wêrûnder fuotfalferiening CDW.

Bekende (eardere) ynwenners

sieregisseur

Trivia

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. J. van Doesburg (2000), What's in name? De naam Wijk in relatie tot de ligging en de functie van de nederzetting, side 68 e.f. yn: M.A. van der Eerden-Vonk e.o. (2000), Wijk bij Duurstede: 700 jaar stad, Utjouwerij Verloren, ISBN 9065506195
  2. L. Tooriaans (2005), De etymologie van Dorestat, side 42-53, Jierboek Ald-Utert 2005, ISBN 90-71108-24-4
  3. J. van Doesburg (1995), De stadsommuring van Wijk bij Duurstede: resultaten van het archeologisch onderzoek "Langs de Wal", yn: Het Kromme Rijngebied, Jiergong 29-2 (juny 1995), side 44-51
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wijk bij Duurstede fan Wikimedia Commons.
Wyk by Duerstede
Stêd:
Wyk by Duerstede
Doarpen:
CothenLangbroek
wizigje
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
wizigje
51° 59' NB, 5° 20' EL