Willy Corsari
skriuwer
Willy Corsari yn 1922. Foto: Jacob Merckelbach
Willy Corsari yn 1922. Foto: Jacob Merckelbach
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wilhelmina Angela Douwes-Schmidt
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 26 desimber 1897
berteplak Brussel
stoarn 11 maaie 1998 (100 jier)
stjerplak Amstelfean
wurk
taal Nederlânsk
offisjele webside
DNBL-profyl

Willy Corsari (pseudonym fan Wilhelmina Angela Douwes-Schmidt) (Sint-Pieters-Jette, Brussel, 26 desimber 1897Amstelfean, 11 maaie 1998) wie in Nederlânsk skriuwster fan famkesboeken, romans, detektives (ynspekteur Lund), koarte ferhalen en toanielstikken.

Libben

Sy studearre oan de Toanielskoalle fan Amsterdam, deie dêr mei oan it kabaret en trede op mei grutte nammen as Jean-Louis Pisuisse en Louis Davids. Sy hat har ûnderfiningen beskreaun yn Liedjes en herinneringen.

Dêrnei waard har talint foar skriuwen ûntdutsen; syn waard in populêr auteur dy't in breed publyk wist te berikken. Har earste publikaasjes ferskynden fan 1916 ôf yn tydskriften; yn 1927 kaam har earste boek út. It hichtepunt fan har karriêre brikte hja yn de jierren 50. In oantal fan har boeken waard oerset. Sy sette sels ek wurk fan oaren oer, sa as fan Louis Bromfield en Albert Camus.

Yn 1990 waard se ûnderskieden mei de Oarder fan Oranje-Nassau.

Willy Corsari hat in pear kear troud west en hie in ferhâlding mei (ûnder oaren) Jan Campert. Sy is hûndert jier âld wurden.

Bibliografy (karút)

Ynspekteur Lund detektives (karút)

Jeugdboeken(karút)