Weidum
Doarpssicht
Doarpssicht
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 545 (2022) [1]
Oerflak 5,60 km²
werfan lân: 5,48 km²
werfan wetter 0,12 km²
Befolkingsticht. 100 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 08' N 5° 44' E
Offisjele webside
www.weidum.eu
Kaart
Weidum (Fryslân)
Weidum

Weidum is in doarp yn de gemeente Ljouwert.

Skiednis

It doarp ûnstie oan de westlike Middelseedyk op in terp, dy't foar it grutste part ôfgroeven is. Op wat dêr noch fan oer is stiet de 13e-iuwske Jehannestsjerke en de bebouwing fan de Lytse- en Grutte Buorren.

Yn de 13e iuw en yn 1329 waard it doarp as 'Wedum' skreaun, yn 1402 as 'Weydem' en yn 1427 wer as 'Wedum'. Sûnt 1386 wurdt it doarp lykwols jimmeroan faker as Weydum skreaun. De plaknamme is in datyf meartalfoarm fan it elemint 'Wede' (greide).[2]

Weidum makke oant 1984 diel út fan de gemeente Baarderadiel, dy't opgyng yn de doe oprjochte gemeente Littenseradiel. Sûnt 1 jannewaris 2018 falt Weidum ûnder de gemeente Ljouwert.

It wapen fan Weidum

De trepgevels yn it wapen ferwize nei de states fan Weidum: Dekema, Hania, Walta, Papma en Wobbema. It blau is ôflaat fan it wapen van de eardere gemeente Baarderadiel, it read fan it wapen fan de famylje Dekema. De stjer en de rút ferwize nei de status fan Weidum as it eardere haadplak fan Baarderadiel. De rút is ek ûnderdiel fan it wapen fan de famylje Walta, mar ferwiist ek nei rjochtspraak om't lang ferlyn it rjochthûs fan 'e gritenij Baarderadiel yn Weidum stie. De leeljes binne ûntliend fan de wapens fan de famyljes Dekema en Hania.[3][4]

Gebouwen

Tsjerke

Jehannestsjerke
De Wikipedy hat ek in side Jehannestsjerke (Weidum).

De Jehannestsjerke giet werom op de 13e iuw. De toer is noch âlder en 12e-iuwsk. It ynterieur is foar it measte 18-iuwsk. De klokken binne yn 1531 en 1626 getten.

Borniastate

De Wikipedy hat ek in side Borniastate.

De Borniastate lei súd fan de tsjerke oan de ein fan de hjoeddeiske Kuperssteech, neist de Papingastate. Foar 1763 waard de state op 'e nij boud. Yn 1768 wenne hjir de riedshear Hamerster en yn 1818 mr. Bernhardus Buma. Yn 1864 is it hûs foar ôfbraak ferkocht en fjouwer jier letter lei it plat. It rjochthoekige terrein is ûnbeboud en noch dúdlik yn it lânskip te werkennen.[5][6]

Dekemastate

De Wikipedy hat ek in side Dekemastate (Weidum).

Earder hie Weidum in úthôf fan it Augustiner kleaster Lúntsjerk. Nei't Frâns Dekema de konversen de stins útjoegen eigen dy it besit him ta. Dekemastate, dat ek wol it Mûntsehûs neamd waard, lei op de hoeke fan de Dekemawei en de Hege Dyk. Dêr't Dekemastate lei, is no de Weidumer iisbaan. De Dekema's wiene in ynfloedrike famylje yn Baarderadiel en wiene faak grytman. De meast bekende Dekema is Piter Dekema west. Nei it útstjerren fan de Dekema's is Dekemastate yn hannen fan ferskate famyljes west. Nei 1815 kaam it yn hannen fan de Fan Beyma's. Dy hawwe der in protte oan dien om Dekemastate net te fersleaukje te litten. In wynhoas op 2 maart 1895 hat in ein oan de state makke. It rêsthûs fan Weidum hat de namme 'Nij Dekema' krige.[7][8]

Domnastate

De Wikipedy hat ek in side Domnastate.

Westlik fan de tsjerke stie tsjin de doarpsterp oan Domnastate. By de state hearde it noch altiten oanwêzige famyljebegraafplak fan de Bumas.[9]. De pleats by it begraafplak foarmet de basis fan it ûnderhâld fan it begraafplak. Sawol it begraafplak as it tagongshek binne oanwiisd as ryksmonumint.[10]

Haniastate

De Wikipedy hat ek in side Haniastate (Weidum).

De Haniastate waard om 1200 boud en grinzge súdlik oan de Dekemastate tusken de Hegedyk 1 en 3. Viglius (Wigle) Hania wenne dêr, dy't yn 1199 mei help fan de konversen fan it kleaster Lúntsjerk de tsjerke fan Weidum boude. Om 1400 wenne dêr Gaele Hania, de boezemfreon fan Sytse Dekema. De grûn fan de state waard nei 1808 by Dekemastate foege. In diel fan it gebou bleau noch oant 1902 stean. [11][12]

Papingastins

De pleats op it plak fan Papingastate
De Wikipedy hat ek in side Papingastins (Weidum).

Pappingastins of Papingastate stie besuden de tsjerke, njonken Borniastate. Yn de 16e iuw wennen dêr de Ropta’s. Yn 1570 liet Rinsk van Ropta, dy't troud wie mei Hartman fan Haersma, oan de Weidumer tsjerke 12.000 stiennen nei, dy't levere wurde moasten troch har tichelwurk yn Winsum. Ek de earme widdo's waarden net ferjitten, it hûs dat se yn de tsjerkebuert fan in Yme Foppes kocht hie, wie foar harren ornearre. Om 1700 waard it hûs ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats.[13] [14]

Waltastate

De Waltastate stie skean foar Dekemastate oer. oer de skiednis fan dy state is neat bekend[15][16]

Oars

Amerikaanske wynmûne oan de Weidumer Feart

By Weidum stean ek de Amerikaanske wynmotor 1 en 2.

Mienskip

Liuwke op it tagongshek fan it begraafplak fan de Buma's

Weidum hat in eigen doarpshûs oan de Bornialeane. It pjutteboartersplak hjit It Pjuttekampke. In bekend festival yn Weidum is Roek-Rock dat yn it doarpshûs hâlden waard. Weidum hat in aktyf ferieningslibben, benammen op it mêd fan toaniel, muzyk en sport. In grut evenemint is de jierlikse froulju's PC. Hjir wurdt útmakke wat it bêste froulju's trijtal is.

Tsjerke

Skoalle

Ferienings

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2022
Ynwenners 485 565 581 603 753 620 545

Berne

Strjitten

Monumint foar H.H. Schotanus à Steringa Idzerda
Pleats oan de Dekemawei
Greate Buorren
Sicht op de Hegedyk
Lytse Buorren

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

53° 9' NB, 5° 45' EL
Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje