De Tsiende Peinje is in belesting dy't yn de 16e iuw oplein waard yn de Nederlannen. Der binne twa soarten fan:
Marije fan Hongarije wie lânfâdesse fan de Nederlannen út namme fan har broer keizer Karel V. Op 21 maart 1543 waard troch har de Tsiende Peinje ynsteld, in belesting fan 10% op ynkomsten út fermogen. De belesting waard heft yn 1543, 1544, 1553, 1556, 1561 en 1564.
De Tsiende Peinje wie in beruchte belestingmaatregel ynfierd troch Fernando Álvarez de Toledo, de hartoch fan Alva, yn 1569. De belesting late ta grut ferset yn de Nederlannen en kin as in belangryk elemint sjoen wurde foar de Nederlânske Opstân, dy't letter de Tachtichjierrige Oarloch neamd wurde soe.
Nei syn oankomst yn de Nederlannen fierde Alva trije belestingen yn:
Benammen tsjin de Tsiende Peinje fan Alva kaam in soad ferset. Yn de Nederlannen wie it boppedat in ferwurvenheid dat de lânsheare allinnich mar in nije belesting hefte nei in bea of fersyk. Alva negearre de ynstellingen en hjitte syn herfoarming foar de hiele Nederlannen. Boppedat drigen de Nederlannen as hannelsnaasje troch de Tsiende Peinje yn harren konkurrinsjeposysje oantaaste te wurden. Dêrtroch drige Alva de befolking net allinnich swierder te belêsten, mar ek yn syn kompetitiviteit te treffen.
Yn werklikheid is de Tsiende Peinje fan Alva nea heft, mar waard yn twa jier ôfkocht foar in bedrach fan 2 miljoen gûne.