Theun de Vries
skriuwer
Theun de Vries yn 1983.
Theun de Vries yn 1983.
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Sybrand Vos, M. Swaertdrager,
A.Th. van Nieulandt, Ibn-Askari
echte namme Theunis Uilke de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 april 1907
berteplak Feanwâlden (Fryslân)
stoarn 21 jannewaris 2005
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk, Frysk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
hist. romans, poëzij, toaniel,
harkspullen, essay's, non-fiksje
perioade midden en 2e helte 20e iuw
streaming naturalisme
bekendste
  wurk(en)
Stiefmoeder Aarde
Het Meisje met het Rode Haar
prizen P.C. Hooft-priis 1962
Piter Jelles-priis 1976
H. Roland Holst-priis 1984
Fersetspriis 1987
2x Visser Neerlandiapriis
jierren aktyf 19252005
offisjele webside
gjint

Theunis Uilke de Vries (Feanwâlden, 26 april 1907 - Amsterdam, 21 jannewaris 2005) wie in bekroand Nederlânsk skriuwer, dichter en oersetter fan Frysk komôf. Hy wie in kommunist en skreau benammen histoaryske en maatskiplike romans, mar dêrnjonken ek gedichten, toanielstikken, harkspullen, biografyen en essays. Syn wurk is grutdiels yn it Nederlânsk, mar foar in lyts part yn it Frysk, wylst guon fan syn Nederlânske boeken letter oerset binne.

Libben

Theun de Vries kaam yn 1907 te wrâld yn Feanwâlden, as ienlingsbern yn 'e doperske húshâlding fan Sjoerd de Vries en Elisabeth Dijkstra. Yn 1920 ferfear er mei syn heit en mem nei Apeldoarn, dêr't syn heit molktaper waard. De Vries siet dêr op it gymnasium, mar makke de skoalle net ôf. Yn syn gymnasiumtiid waarden syn earste sjoernalistike wurken al útjûn yn it tydskrift Jong Nederland. Yn 'e fjirde klasse ferliet er it gymnasium en folgde doe in bibleteekoplieding yn Hilversum en Utert.

Dêrnei wurke er in hoartsje as assistint yn 'e bibleteek te Hilversum, dêr't er him yn 1928 ek nei wenjen sette. Letter wurke er as kranteman yn Leardaam. Yn 1932 troude er mei Aafje Vernes; hja krigen ien bern. Yn 'e tritiger jierren ferhuze er mei syn gesin nei Snits, dêr't er wurk fûn yn 'e bibleteek. Yn 1936 waard De Vries lid fan 'e CPN, en yn 1937 ferfear er op 'e nij, diskear nei Amsterdam. Hy kearde werom nei de sjoernalistyk en waard redakteur fan De Tribune (letter De Waarheid) en De Vrije Katheder. Op 17 maart 1938 einige syn houlik yn in skieding. (Yn 1945 troude De Vries lykwols fannijs mei syn eks-frou. Op 'e nij krigen se tegearre in bern. Aafje de Vries-Vernes stoar op 8 jannewaris 1975 te Amsterdam.)

Theun de Vries yn 1984, by it yn ûntfangst nimmen fan 'e Henriëtte Roland Holst-priis.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch siet De Vries yn 't earstoan ûnderdûkt op 'e Feluwe, yn 'e omkriten fan Nunspeet. Yn dy tiid soed er Gerard van het Reve sr. swartmakke hawwe, dy't er fan faksistyske sympatyen beskuldige, nei't letter bliken die op grûn fan foutive ynformaasje. Nei de oarloch ûntstie dêrtroch in oanhâldende fete mei Gerard van het Reve (jr.). Letter yn 'e oarloch siet De Vries yn it ferset en waard er oppakt troch de Dútsers. Hy waard ynternearre yn Kamp Amersfoart, dêr't er nei tsien moannen troch it ferset út befrijd waard.

De Vries siet in hoartsje foar de CPN yn 'e Amsterdamske gemeenterie en wie yn 1946 kandidaat foar de CPN by de Twadde Keamer-ferkiezings, mar waard net keazen. Fan 1949 oant 1968 wied er lid fan it haadbestjoer fan 'e CPN. Syn stellingname yn it foardiel fan 'e Sovjet-Uny waard him yn 'e tiid fan 'e Kâlde Oarloch troch syn kollega's tige kwea-ôf nommen en hy rekke alhiel isolearre. Lykwols hold er hoek. Hy besocht de Praachske Kûp (de kommunistyske steatsgreep yn Tsjechoslowakije) fan 1948 en it Russyske delslaan fan 'e Hongaarske Opstân fan 1956 te behimmeljen en yn 1953 skreau er in lofliet op Stalin.

Mar nettsjinsteande syn politike opfettings sette er yn 1963 Een Dag uit het Leven van Ivan Denisovitsj oer, in roman fan Aleksander Solzjenitsyn oer de ûnderfinings fan finzenen yn 'e gûlachkampen fan Sibearje. De CPN liet de hiele oplaach ferneatigje. Pas yn 1971 briek er mei de partij om't er it net mear lykfine koe mei de oerhearskjende opstelling fan de Sovjet-Uny. Yn 1982 rekke De Vries mei psychiatryske help fan syn yn 'e oarloch oprûne kampsyndroom ôf. Hoewol't er op syn achtentachtichste sei net mear te ferwachtsjen dat er noch skriuwe soe, bleau er suver oan syn dea ta oan it wurk. De Vries ferstoar op 97-jierrige âldens yn jannewaris 2005 oan komplikaasjes nei ferskate opienfolgjende longûntstekkings.

Wurk

De Vries, dy't op syn achttjinde debutearre, hat mear as 170 titels publisearre, wêrûnder bekende wurken as de naturalistyske roman Stiefmoeder Aarde en de oarlochsroman Het Meisje met het Rode Haar, oer fersetstriidster Hannie Schaft. Hy skreau benammen histoaryske en maatskiplike ferhalen, earst mear út romantysk eachpunt, mar letter almar mear as fehikel foar syn politike ideeën. Behalven as skriuwer wied er ek aktyf as dichter, oersetter en toaniel- en harkspulskriuwer. Hy makke wol gebrûk fan pseudonimen as "Sybrand Vos", "A.Th. van Nieulandt", "M. Swaertdrager" en "Ibn-Askari". Mei syn wurk hat er in ferskaat oan wichtige literatuerprizen wûn, mei dêrunder yn 1962 de P.C. Hooft-priis. In part fan syn wurk is yn it Frysk, wylst guon oaren fan syn boeken letter yn it Frysk oerset binne. Op 1 april 2005 is yn syn berteplak Feanwâlden it Theun de Vries Genoatskip oprjochte.

Bibliografy

Yn it Nederlânsk

Yn it Frysk

Twatalich

Yn it Ingelsk

Oersettings

Prizen

Oan De Vries waard ek de sulverne medalje fan 'e stêd Amsterdam takend.