Sophia Loren, juny 2009
Loren yn Kenya as Goodwill Ambassador foar de United Nations yn novimber 1992
Sophia Loren 1962

Sophia Loren, berne as Sofia Villani Scicolone (Rome, 20 septimber 1934) is in Italjaansk aktrise.

Sy hikke yn Pozzuoli yn de omkriten fan Napels.

Mei 14 jier wûn hja in priis yn in skientmewedstryd. In stikmannich jierren letter waard hja by noch sa'n ferkiezing opmurken troch filmprodusint Carlo Ponti, dy't har in screentest dwaan liet. Yn 1954 spile se har earste filmrol yn de film L'Oro di Napoli fan Vittorio de Sica en yn 1957 spile hja yn har earste Ingelsktalige film The Pride and The Passion mei Cary Grant en Frank Sinatra.

By de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Winterspullen 2006, yn Turyn, wie Loren ien fan de acht froulju dy't de Olympyske flagge it stadion yn drage mocht.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loren har foarnaamste wenplak hat sûnt de ein fan 2006 Genêve, Switserlân west.[1], mar sy hat ek huzen yn Los Angeles en New York.

Yn septimber 1999 begûn Loren in rjochtsaak tsjin 76 pornografyske websiden foar it sjen litten fan bewurke bleatfoto's fan har op it ynternet.[2][3]

Loren is in grutte fan fan fuotbalklup S.S.C. Napoli. , doe't dat team tredde stie yn de Searje B n maaie 2007, sei hja tsjin de Gazzetta dello Sport dat sy in striptease jaan soe at it team winne soe.[4]

In krap klaaide Loren posearre mei 72 jier foar de 2007 Pirelli Kalinder mei aktrises sa as Penélope Cruz en Hilary Swank.[5]

Filmografy (ûnfolslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.contactmusic.com/news.nsf/story/loren-leaves-italy-for-switzerland_1010708
  2. http://www.fake-detective.com/faqs/legal-1.htm
  3. http://www.markroesler.com/pdf/articles/lorensues.pdf
  4. Staff writers Napoli fan Sofia Loren to strip if team go up ,Thomson Reuters, 15 May 2007
  5. Elena Gorgan: Sophia Loren Sizzles in the New Pirelli Calendar [1]