Saul Bellow

Saul Bellow (Lachine, 10 juny 1915 - Brooklyn, Massachusetts, 5 april 2005) wie in joadsk-Amerikaansk skriuwer. Syn boeken beskriuwe en ûndersykje de isolaasje en spirituele dissosjaasje fan syn haadpersoanen.

Libben en wurk

Hy waard berne yn Lachine, in foarstêd fan Montreal in Kanada, út Russyske âlden. Hy waard grutbrocht yn Chicago en studearre sosjology en antropology. Nei it ôfstudearjen die er ûndersyk oan de universiteit fan Wisconsin en yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne er by de keapfardij. Dêrnei hat er sels ek lesjûn oan de universiteiten fan ûnder oaren Minnesota, Princeton, Boston en Chicago.

Bellows earste boek, Dangling Man, waard 1944 útjûn en in tal súksesfolle fiksje- en nonfiksjewurken soenen rillegau folgje. Oft it no om romantyske, finânsjele as oare swierrichheden giet, de gaos dy't in typysk haadpersoan trochmakket laat sûnder mis ta yngeande eksistinsjele fragen, mar ek ta hilaryske en koartswillige sitewaasjes. Bellow referearret yn syn boeken oan de grutte filosofen en tinkers, mar de lêsberens hat der net ûnder te lijen. In goed foarbyld dêrfan is Mr. Sammler’s Planet.

Bellow hat de Nobelpriis foar de Literatuer wûn yn 1976 foar Humboldt's Gift. Yn 1988 ûntfong er de heechste Amerikaanske keunstûnderskieding, de National Medal of Arts.

Bibliografy

Boeken

Essays

Keppeling om utens