It Prinsenhof yn Grins yn de jierren 60, studio fan de RONO

RONO: Regionale Omrop Noard en East.

Skiednis

De streekomrop foar Grinslân, Fryslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân. Yn de fyftiger en sechtiger jierren waard der mear regionalisearre. De stjoertiid kaam fan 4 oere en 20 minuten op 9 oere en 20 minuten. Yn Ljouwert kaam in studio. De sintrale studio yn de Prinsetún yn Grins waard fergrutte en ferbettere. De ûntfangst yn Fryslân waard in stik better troch de FM-stjoerder yn Jirnsum (1956). Yn 1960 krige men tastimming fan de minister fan CRM foar in regionaal programma fan alle dagen teminsten ien oere en maksimaal twa oeren deis. By enkêtes yn 1966 en 1973 die bliken dat der in soad harkers wiene. Yn 1978 waard de RONO yn trije regionale omroppen splitst: Radio Fryslân en Radio Noard (foar Grinslân en Drinte) en Radio East (foar Gelderlân en Oerisel).

Programma’s

Yn de jierren 60 wie de Fryske RONO-útstjoering hielendal opdield yn lytse partsjes. De Fryske útstjoering begûn meastentiids mei it berneprogram, (mei Jant Visser-Bakker en Ria Postma Stolk) dêrnei wiene der allegearre rubriken.

Meiwurkers

Sjoch ek