In skilderij fan Peter Stuyvesant.

Pieter Stuyvesant (ek wol Peter of Petrus) (wierskynlik berne in Pepergea, Weststellingwerf, 1611/1612New York 1672) wie in Frysk koloniaal bestjoerder. Hy wie de lêste Nederlânske bestjoerder fan Nij-Nederlân. Stuyvesant hat in wichtige rol spile yn de skiednis fan New York. Sa soarge hy ûnder mear foar in grutte útwreiding fan de delsetting Nij Amsterdam op it súdlike part fan Manhattan. Inkele projekten fan Stuyvesant wienen de beskermingsmuorre op Wall Street, it kanaal dat letter Canal Street wurde soe en Broadway.

Libbensrin

Oer Stuyvesant syn jonge jierren is net in protte wis. Der wurdt wol sein dat er yn 1592 of 1602 berne is, mar oer it algemien wurdt oannaam dat er om 1612 berne is yn Pepergea. De heit fan Stuyvesant, Balthazar Johannes Stuyvesant, wie dûmny yn Skerpenseel dêr't hy dan ek opgroeid is. Stuyvesant syn mem wie Margaretha Hardenstein.

Stuyvesant komt yn Nij-Amsterdam oan

Om 1635 hinne waard Stuyvesant direkteur by de West-Yndyske Kompanjy en hie it befel oer de ABC-eilannen. Yn 1644 ferlear er in skonke yn in gefjocht my de Spanjerts op Sint-Marten, wêrnei't hy syn fierder libben mei in houten poat troch it libben moast.

Yn maaie 1645 waard hy selektearre by de West-Yndyske Kompanjy om Willem Kieft te ferfangen as direkteur-generaal fan Nij-Nederlân. Op 11 maaie 1647 kaam er yn Nij-Amsterdam oan wêrnei't er yn septimber 1647 direkteur-generaal fan de Nederlânske koloanje waard.

Yn 1645 troude Stuyvesant mei Judith Bayard (16101687) fan Amsterdam. Sy wie in suser fan Samuel Bayard, dy’t troude mei Anna Stuyvesant. Peter en Judith krigen yn 1648 in soan, Nikolaas Willem Stuyvesant, dy't 1698 stoar. Stuyvesant en syn famylje wienen grutgrûnbesitters yn it noardeastlike part fan Nij-Amsterdam. Syn buorkerij, dy’t bekend stie ûnder de namme ‘bouwerie’, is de nammejouwer fan de strjitte Bowery.

Stuyvesant wie de direkteur-generaal fan Nij-Nederlân oant 1664, yn dat jier waard it gebiet troch de Ingelsen bemastere. De Ingelsken wienen mei fjouwer boaten nei Nij-Nederlân ta fearn. Op 30 augustus 1664 hie de gûverneur George Cartwright in brief nei Stuyvesant stjoerd om himsels oer te jaan. Op 9 septimber fan dat jier tekene Stuyvesant op syn Bouwerij in ferdrach mei de Ingelsen.

Nei syn rin as direkteurgeneraal libbe hy de rest fan syn libben op syn buorkerij. Dat hûs waard yn 1777 troch in brân ferwoaste. Stuyvesant boude ek noch in grut hearehûs fan stien, mei de namme Whitehall. Stuyvesant ferstoar yn augustus 1672, hy waard begroeven yn de Sint Mark’s Tsjerk yn-de-bouwerij yn Manhattan.

It stânbyld fan Stuyvesant yn Wolvegea.

Monuminten

Yn Nederlân hat Stuyvesant in trije-tal monuminten krigen. Yn Wolvegea stiet in stânbyld fan Stuyvesant mei syn houten poat. Yn Pepergea stiet in monumint mei in boat fan Stuyvesant op in stien. Ek yn Skerpenseel stiet in monumint. It byld is in meter as seis heech, ek dêrop stiet yn boat.

Oars

Keppelings om utens