Folkertsma oan it komponearjen

Paulus Folkertsma (Wommels, 15 jannewaris 1901 - Aldeboarn, 4 maaie 1972) wie ûnderwizer yn Aldeboarn, bestjoerslid fan maatskiplike en tsjerklike organisaasjes en benammen komponist.

Biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1906 ferfear de húshâlding út Wommels nei Berltsum. Dêr krige Folkertsma syn earste lessen fioelspyljen fan de pleatslike ûnderwizer. Doe't er 14 jier wie gie er nei de Rykskweekskoalle yn Maastricht. Dêr skreau er syn earste komposysjes. Nei tydlike oanstellings yn Ljouwert en Sondel waard er beneamd oan de iepenbiere skoalle fan Aldeboarn. Hy soe dêr 40 jier ûnderwizer wêze.

Folkertsma komponearre as autodidakt operettes en skreau lieten, kanons, kwartetten en orkestwurken. ien fan syn bekendste wurken is de kanon It Muzyk Giet troch de Buorren, dat generaasjes Fryske bern op 'e skoalle leard hawwe. De Paulus Folkertsma Stichting wol syn wurk opnij ûnder de oandacht bringe middels konserten en jout de útjefte "Nijs" út. Op 23 juny 2018 waard yn Aldeboarn foar ien kear it muzykfestival Midsimmertwirre holden, wêrby't Folkertma en syn wurk sintraal stiene.

Komposysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orkestwurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Solo en orkest

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koarmuzyk mei begelieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opera en operettes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koar á kapella

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keamermuzyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Muzyk foar toetsynstruminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sololieten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: