Meindert Fennema
Meindert Fennema (2015)
Meindert Fennema (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Meindert Fennema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 maaie 1946
berteplak Ljouwert
stoarn 12 juny 2023
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
wurkpaad
aktyf as heechlearaar yn de Politikology

Meindert Fennema (Ljouwert, 21 maaie 1946 - Amsterdam, 12 juny 2023) wie in Frysk politikolooch. Hy wie as heechlearaar oan de ôfdieling politikology en it Ynstitút foar Migraasje en Etnyske Stúdzjes fan de Universiteit fan Amsterdam ferbûn, dêr't er de learstoel politike teory fan etnyske ferhâldingen besette.

Biografy

Fennema waard grutbrocht yn Zeist yn in Fryske húshâlding dêr't Frysk praat waard. Syn heit wie karmaster fan it iepenbier slachthûs yn Zeist. Pake Gerrit Fennema wie slachter yn Winaam, sosjalist, anargist en hielûnthâlder. [1]

Fennema studearre nei it gymnasium sosjology oan de Universiteit fan Utert en politikology oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr't er fan 1975 ôf as meiwurker oan ferbûn wie. Hy wie aktyf yn de studintebewging en wie belutsen by de 'affêre-Daudt' - heechlearaar Hans Daudt moast fuort nei in protte krityk fan studinten (dy't mear 'maatskippijkrityske' kolleezjes woene). Yn syn plak waard in tal oare dosinten oannaam, ûnder oaren Fennema sels.
Yn 1971 waard er lid fan de Kommunistyske Partij fan Nederlân (CPN), wat er oant de opheffing fan dy partij yn 1989 bleau. Letter waard er kritikus fan de 'linkse elite', benammen fan de oanfierders fan de Partij fan de Arbeid. Allinne GroenLinks koe genede fine yn sy eagen.

Yn 1981 promovearre Fennema mei it proefskrift International Networks of Banks and Industry. Hy hat in protte publikaasjes op it mêd fan anti-ymmigraasje partijen, etnyske organisaasjse en de ekonomyske elite op syn namme brocht. Teffens bejout Fennema him yn it publike debat mei bydragen op de opinysiden fan lanlike kranten. Yn 2010 liet er in biografy fan Geert Wilders mei de titel Geert Wilders. Tovenaarsleerling it ljocht sjen.

Op 11 maaie 2012 hold Fennema syn ôskiedskolleezje, ûnder de titel: Help! De elite verdwijnt!. Fan augustus 2012 ôf skriuwt er alle wiken in kollumn op De Volkskrant.nl. Op 27 augustus 2013 pesentearre er syn earste roman 'Het slachthuis' yn De Balie yn Amsterdam. By dy gelegenheid trede de Blue Diamond Riem de Wolff op, ien fan de personaazjes yn it boek.

Fennema behearde it argyf fan Hans Janmaat. Hy wie jierrenlang ien fan mar in pear minsken dy't it iepenlik opnamen foar it rjocht fan Janmaat op frijheid fan mieningútering. Fennema wie duo-gemeenteriedslid foar GrienLinks yn Bloemendaal.

Meindert Fennema ferstoar op 12 juny 2023, yn 'e âldens fan 77 jier, nei in lang siikwêzen.

Publikaasjes

Oer Fennema

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd 27 novimber 2013, s. 36. Ynterview fan Abe de Vries mei Fennema