In maar is yn Grinslân en East-Fryslân de namme foar in wetterrin. De namme is besibbe oan mar. Maren binne meast smelle, ûndjippe, natuerlike, soms ek net-natuerlike streamkes (fearten of sleaten) dy't al iuwenlang besteane. Sy komme it meast foar yn de Grinslanner goaen Hunsingo en Fivelingo en yn de Krummhörn.
In stikmannich foarbylden:
By wetterskip Noardersylfest binne mear as 100 wetters dy't de útgong "-maar" hawwe. Lytse wetters wurde meast oantsjut mei tocht. Yn it easten fan Grinslân wurdt faak praat fan diep(je) en watering.
De maren yn East-Fryslân lizze hast allinne yn de Krummhörn, mar ek binne der in pear yn it Reiderlân en yn Moormerlân.[1] Foarbylden binne:
De gritenij Opsterlân wurdt op it 14e-iuwske lânskipssegel ek oantsjut as S(uper) Haudmare, dat is 'boppe it Haadmaar' of 'boppe de haadstream (lizzend)'. Mei Haudmare waard sa't it liket de Boarn bedoeld.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|