Leuven (Nederlânsk en offisjeel: Leuven; Frânsk: Louvain) is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje Flaamsk-Brabân. It is de sintraal lizzende haadstêd fan dizze provinsje en teffens it haadplak fan it bestjoerlike en gerjochtlike arrondissemint Leuven. Gemeente Leuven hat in oerflakte fan sawat 57 km² en hat mear as 92.000 ynwenners.
Leuven is ûnder mear bekend as fêstigingsplak fan de K.U.Leuven, de âldste universiteit yn de Lege Lannen, de multinational AB InBev (foarhinne InBev, Artois, letter noch Interbrew hiten) en it universitêr sikehûs Gasthuisberg.
Troch de iuwenlange oanwêzichheid fan de brouwerij Artois en it studintelibben wurdt Leuven ek wol de bierhaadstêd fan Flaanderen/Belgje neamd.
It besjen wurdich
Yn Leuven is in soad te sjen (sjoch ek de foto's ûnderoan it artikel):
It stedhûs
De Grutte Merk
It Marteldersplein
De kollegiale Sint-Piterstsjerke yn Brabânske heechgoatyk (1425–± 1500)
It Tafelrûn, it tredde goatyske gebou op de Grutte Merk
It Fonske, in stânbyld op it Fochplein
De Fiere Margryt (in stânbyld)
De Lekkenhal (1317–1345)
De Sint-Michielstsjerke (1650–1666)
De heechgoatyske Sint-Kwintenstsjerke
De Universiteitsbibleteek (1921–1929) op it Ladeuzeplein
De Bûnsgenoatenleane en de Diestsestrjitte
De Us Leaffrou-ten-Preekhearentsjerke
De Sint-Jacobstsjerke
It Grut Begynhof
It Lyts Begynhof
It Arenberchkastiel
De Hortus Botanikus Lovaniensis, better bekend as de Krûdtún
De stedsbibleteek Twaboarnen
De Sint-Geertruitsjerke
De Abdij Keizersberch
Ferskate kolleezjes út ferskate tiidrekken (û.o. Iersk College, Amerikaansk Kolleezje, Collegium Trilingue)
De Alde Merk
Tal fan religieuze (û.o. tsjerken) en profane bouwurken
It Jezuïtenkleaster
It stasjon
It hûs Guy Morillon
De Abdij fan 't Park
It Sint-Donatuspark
Foto's
Goatyske stedhûs
Grutte Merk
Universiteitsbibleteek op it Ladeuzeplein
Alde Merk by nacht
Alde Merk oerdei
Grut Begynhof
Stasjon Leuven
Lyts Begynhof yn de buert fan de Sint-Geertruitsjerke