Symboal fan de KGB

KGB is de ôfkoarting fan de Russyske namme Komitet Gosoedarstvennoj Bezopasnosti (Комитет Государственной Безопасности), oftewol Komitee foar Steatsfeilichheid. De KGB wie de belangrykste feilichheids- en ynljochtingentsjinst fan de Sovjet-Uny, fergelykber mei de CIA yn de Feriene Steaten (oanfold mei de taken op it mêd fan kontraspionaazje en binnenlânske feilichheid fan de FBI) en de AIVD yn Nederlân.

Skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De KGB waard ûnder dizze namme opjochte yn 1953 as it 'skyld en swurd' fan de kommunistyske partij - wat ek yn it embleem fan de tsjinst ta útdrukking kaam - en bestie oant de ein fan de Sovjet-Uny yn 1991. De tsjinst, dy't in opfolger wie fan eardere soartgelikense organisaasjes bekend ûnder de nammen Tsjeka, GPU, NKVD en MVD, wie belêste mei spionaazje, it ûntfytmanjen fan geheime ynformaasje út net-kommunistyske lannen (benammen de F.S.), de likwidaasje fan net-kommunistyske persoanen ( útfierd troch Ofdieling V , de ultrageheime ôfdieling foar moard en sabotaazje ) en it útbannen fan antikommunistyske eleminten. Dêrneist wie de KGB ek ferantwurdlik foar de feilichheid fan partijfunksjonarissen en steatslju fan de USSR.

De KGB is meiferantwurdlik west foar echte steatsterreur útfierd tsjin dissidinte skriuwers, joadske yntellektuelen, gelearden en oarstinkenden (katolike en otterdokse preesters en religieuzen). Dêrby waard gjin middel - hoe leech ek - mijd om dizze net-kommunisten dwers te sitten, te efterfolgjen, te fermoardzjen of thús binnen te fallen foar in "ûndersyk" nei steatsgefaarlike aktiviteiten. Wa't as dissidint wegere him te konformearjen oan it kommunistyske gedachtegoed, koe opsluten wurde yn in psychiatryske klinyk. Wer oaren waarden út in skriuwersbûn stjitten fanwege ûnderstelde anty-kommunistyske motiven. Wa't ek mar de skyn tsjin hie, koe mei de KGB te krijen krije. De KGB levere it apparaat foar de steatsûnderdrukking fan de Sovjet-boarger en de partij-elite yn Moskou makke dankber gebrûk fan dizze KGB-macht.

Nei it útinoarfallen fan de Sovjet-Uny yn 1991 waard de KGB ferfongen troch de FSK, dy't yn 1995 wer ferfongen waard troch de Federale Feilichheidstsjinst (FSB), de hjoeddeiske feilichheidstsjinst fan Ruslân. De presidint fan Ruslân, Vladimir Poetin, begûn syn karriêre yn 1975 by de KGB (doe't de lettere sekretaris-generaal fan de USSR Joeri Andropov haad fan de KGB wie) en waard letter haad fan de FSB.

De KGB bestie út in oantal Haaddirektoraten en ûnderôfdielingen dy't allegear in spesifike taak hienen. Mids jierren '70 waarden de ûndersteande direktoraten en ûnderôfdielingen ûnderskieden, mei de opmerking dat de list hjirûnder lang net folslein is:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References, Sources en Further Reading op dizze side.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory KGB fan Wikimedia Commons.