Joseph Campbell
Jean Erdman, Joseph Campbell, en Joan Halifax
Jean Erdman, Joseph Campbell, en Joan Halifax
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph John Campbell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 maart 1904
berteplak White Plains
stoarn 30 oktober 1987
stjerplak Honolulu
wurkpaad
aktyf as professor yn de mytology

Joseph John Campbell (White Plains New York, 26 maart 1904Honolulu, 30 oktober 1987) wie in professor yn de mytology en skriuwer. Hy stiet bekend as in wichtich deskundige op it mêd fan de mytology. Paadwizer yn syn wurk hat altyd it sykjen west fan mienskiplike tema's yn myten oer de hiele wrâld.

Libben

Joseph Campbell jildt mei Carl Gustav Jung, Robert von Ranke-Graves, Mircea Eliade en Heinrich Zimmer (dêr't er in protte kontakten mei ûnderhâlde) as ien fan de wichtige ûndersikers fan myten yn de 20e iuw. Hy waard fral beynfloede troch Jung, Zimmer, Nietzsche en Arthur Schopenhauer, mar ek troch skriuwers as James Joyce en Thomas Mann, yn waans wurken hy de geast fan de myten op hjoeddeiske wize fertsjintwurdige seach, ûntwikkele hy in populêre tinkwize op mytology, religy en de symboalen dy't dêrby brûkt wurde.

Campbell, as soan fan in Ierske ymmigrant en grutbrocht mei it Roomsk-katolike leauwe, hat as bern al in djippe belangstelling toand foar de myten fan de Noard-Amerikaanske Yndianen. Yn Dartmouth studearre hy ynearsten op it Dartmouth College biology en wiskunde, mar beslute fan stúdzje te feroarjen en stapte oer nei geasteswittenskippen oan de Columbia University, dêr't hy yn 1925 syn graad helle yn Ingelske literatuer en yn 1927 syn doktoraal yn Midsiuwske literatuer.

Hy wurke sawat fjouwer desennia as dosint oan it Sarah Lawrence College yn Bronxville, New York en waard pas nei syn dea in bekende persoanlikheid troch de tv-rige "Joseph Campbell en de krêft fan de myte", in seisdielige rige dêr't Cambell yn ynterviewd wurdt troch de tf-sjoernalist Bill Moyers.

Wurken

Keppeling om utens