John Lee Hooker, Long Beach Blues Festival

John Lee Hooker (22 augustus 1917, Clarksdale - Los Altos (Kalifornje), 21 juny 2001) wie in ynfloedrike en tige produktive Amearikaanske bluessjonger en -gitarist, berne yn Clarksdale yn de steat Mississippy.

Biografy

Syn opname-karriêre, dy't mear as 50 jier beslein hat, begûn yn 1948 doe't er in jukebox-hit hie mei syn single "Boogie Chillen", mei in sjongparty yn in heal-sprutsen styl, dy't syn hannelsmerk wurde soe. Ritmysk sjoen wie syn muzyk tige frij, in eigenskip dy't mien wie yn de betide Delta blues. Syn fokale frasearring wie ek minder bûn oan de spesifike maat-yndieling as by oare bluesspilers. Alhoewol beynfloedde troch elektroanysk fersterke Chicago blues, hold Hooker as solo-artyst syn eigen betide styl yn eare.

Lykas safolle bluesspilers, waard ek Hooker yn de 60-er jierren omearme troch de folk-leafhawwers út dy tiid, en krige sa in grut 'wyt' publyk. Hy wie it dy't de noch jonge Bob Dylan in kâns joech om namme te meitsjen. In oar hichtepunt út syn karriêre kaam yn 1989 doe't Hooker mei in tal "gast-stjerren", wêrûnder Keith Richards en Carlos Santana it album "The Healer" opnaam, dat in Grammy award opsmite.

John Lee Hooker hat meiïnoar mear as 1.000 opnames makke, dy't op mear as 100 offisjele albums te hearren binne. Dêrneist binne der tsientallen yllegale platen en CD's op 'e merke brocht. Yn syn muzikale jierren hat Hooker wat lûddragers oanbelanget de ûntwikkeling fan de 78-toere-plaat nei de LP, de CD en de earste DVD's meimakke.

De lêste jierren fan syn libben brocht Hooker troch yn San Fransisco, dêr't er in nachtclub hie mei de namme "Boom Boom Boom", nei ien fan syn hits.

Diskografy

Albums

Toronto, Kanada; 20 augustus, 1978
Foto: Jean-Luc Ourlin

Kompilaasjes

Filmography

Hooker ferskynde en song yn The Blues Brothers (1980).

Eksterne ferwizing