Jan de Vries (1932)

Jan Pieter Marie Laurens de Vries (Amsterdam, 11 febrewaris 1890 - Utert, 23 july 1964) wie in Nederlânsk germanist en folkekundige.

Libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan de Vries wie in soan fan haadûnderwizer Laurens de Vries en Anthonetta Christina Vermast. Op 19 oktober 1915 boaske er mei Maria Machteld Vogel. Fan 1926 oant 1946 wie er heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Leien. Dy posysje rekke er kwyt fanwege kollaboraasje mei de Dútske besetter yn de Twadde Wrâldoarloch. Fan 1948 oant 1955 wie De Vries learaar Nederlânsk yn Oostburg, Siuwsk-Flaanderen. In publikaasjeferbod koe er ûntwike troch syn boeken yn Dútslân út te jaan.

Wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vries syn ynteresse gie út nei Germaanske mytology, etymology en folksetymology en plaknammekunde.

Yn de jierren 30 lei er him ta op de folkekunde, wêrby't er him ôfsette tsjin de dominante fisy fan de heechlearaar Jos. Schrijnen út Nymwegen. Schrijnen woe mei de "Commissie voor Volkskunde" in folkskunde-atlas meitsje; De Vries rjochte dêr foar oer in alternative Ynter-Akademyske Kommissy op mei in selde doel. De dea fan Schrijnen makke in ein oan de kontroverse: Jan de Vries waard beneamd ta syn opfolger as foarsitter fan de Kommissy foar Folkskunde.

De Vries is yn breder fermidden bekend wurden mei syn Etymologisch Woordenboek (1958), dat oars mar in foarset wie ta it grutte Nederlands etymologisch woordenboek, dat fan 1963 oant 1971 yn ôfleverings ferskynde en wêr't er yn syn lêste jierren oan wurke. It wurk waard nei syn ferstjerren dien makke troch F. de Tollenaere neffens oantekeningen dy't De Vries neilitten hie.

Bibliografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In ex libris út in boek fan Jan de Vries

Karút syn publikaasjes:

Literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]