Jan Schenkman

Jan Schenkman (Amsterdam, 1 oktober 1806 – dêre, 4 maaie 1863) wie in Nederlânsk ûnderwizer, dichter, auteur fan berneboeken en humorist.

Jan Schenkman wie oant 1849 skoalmaster oan syn partikulire skoalle op de Anjeliersgrêft. Hy wie in foaroansteand lid fan de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen.
Schenkman hat it moderne Sinteklaasfeest foar it earst yn in gearhingjend ferhaal yn printeboek werjûn. It boekje Sint Nikolaas en zijn knecht (Amsterdam, 1850 en opnij printe oant 1907) ferwurke er bekende eleminten yn lykas it hynder, it riden oer dakken, it skinken fan kado's (óf it krijen fan de roede) troch de skoarstien en dat Sinteklaas út Spanje kaam. Hy brocht lykwols ek nije eleminten yn: de stoomboat wêrmei't Sinteklaas yn Amsterdam oankomt en de swarte paazje as helper fan de Sint.

Publikaasjes

Sprookjes van Moeder De Gans, fertaald troch Jan Schenkman, boekbânûntwerp fan Gustaaf van de Wall Perné

Literatuer

Keppelings om utens

Publikaasjes fan Schenkman

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: