Jan Blaaser
akteur
persoanlike bysûnderheden
berne 17 july 1922
berteplak Amsterdam
stoarn 28 maart 1988
stjerplak Lelystêd
jierren aktyf 1938–1988
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Jan Dirk Blaaser (Amsterdam, 17 july 1922Lelystêd, 28 maart 1988) wie in Nederlânsk kabaretier, akteur, sjonger en lieteskriuwer.

Blaaser kaam út in teäterlaach. Syn pake wie teäterdirekteur en hie wie in neef fan de akteurs Riny Blaaser, Jo Vischer jr. en Beppie Nooij jr.. Blaaser begûn as artyst yn it schnabbelsirkwy op feesten en partijen en yn kabarets. Yn 1938 kaam er oan it toaniel by it selskip fan syn omke Jan Nooij. Dêrna wurke er ûnder mear yn it teäterkafee Saint-Germain-des-Prés fan Tom Manders as moppeferteller. Sadwaande krige er ek syn earste telefyzje-optreden. Op de radio trede er op yn it Tierelantijnen.

Letter folgen tal fan rollen foar telefyzje en stik as fiif yn spylfilms. As sjonger trede er op by feesten op ferieningsjûnen en hy makke in kabarettoernee mei Joke Bruijs. Yn 1977 makke Blaaser de stap nei it kabaret. De teatershows, Bruin Brood, Bramen Zoeken, Man Alleen en Klapstoel, lutsen in breed publyk. De teksten fan al syn foarstellingen skreau er sels en ek foar in protte oare artysten en programma's hat er faak teksten skreaun. Yn 1980 skreau er in boekje ûnder de titel Een muis in zee.

Healwei de jierren 80 kaam Blaaser by de cast fan Zeg 'ns Aaa, dêr't er de heit fan Mien Dobbelsteen, in rol fan oantroud Nooy-famyljelid Carry Tefsen, spile. Doe't er yn 1988 hommels oan in hertoanfal stoar, wie er 65 jier âld.

Blaaser hie trije bern út twa houliken. Syn soannen út it earste houlik binne Elian Blaaser en Dennis Blaaser. Ut syn twadde houlik krige er in dochter, Esther Blaaser. Sy rjochte na aktiviteiten yn it jeugdtoaniel yn 2007 in buro foar dramacoaching op. Ien fan syn bersbern is aktrise en model Gaby Blaaser.

Rollen yn telefyzjerigen

Filmrollen

Diskografy

Lietteksten