Jacob Dirks

Jacob Dirks (Ljouwert, 19 juny 1811 - dêre, 25 novimber 1892) wie in jurist, politikus en Frysk foaroanman.

Nei syn stúdzje yn Frjentsjer en Leien waard hy abbekaat yn Ljouwert. Hy joech him folslein oan it Frysk Genoatskip dêr't er bestjoerslid fan wie en dat hy mei minsken as Eekhoff, Boeles en oaren bekendheid joech. Hy wie ien fan de driuwende krêften foar it oprjochtsjen fan de Fryske Akademy. Hy hat in soad skreaun, benammen oer munt- en penningkunde.

Fan 1848-1866 wie hy lid fan de Twadde Keamer, fan 1869-1892 lid fan de gemeenterie.

Bibliografy

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Dirks, Jacob
  • J.J. Kalma - Repertorium Frieslands Verleden (Ljouwert, 1955)