Jacob Cats (Michiel Jansz van Mierevelt, 1634)

Jacob Cats (Brouwershaven, 10 novimber 1577Den Haach, 12 septimber 1660) wie in Nederlânsk dichter, jurist en politikus. Cats is bekend ûnder de namme Vader Cats, troch syn meast didaktyske gedichten (foarbyld: Kinderen zijn hinderen, zei vader Cats).

Biografy

Cats kaam út in net sa bekende bestjoerderssfamylje út Seelân. Jacob Cats gie earst nei de Latynske skoalle yn Sieriksee en besocht dêrnei de universiteit fan Leien, hoewol't syn namme yn it studinte-album ûntbrekt. Cats promovearre yn Orléans en lei de eed as advokaat ôf yn Den Haach.

Yn 1603 bedarre er yn Middelburch, dêr't er yn syn praktyk foaral skeel yn de kaapfeart behannele. Hy waard dêr lykas as Simon fan Beaumont yn desimber 1603 ta stedsabbekaat oansteld. Op 29 maaie 1605 troude er yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam mei de 26-jierrige Antwerpske Elisabeth van Valckenburg. Elisabeth har mem wenne yn Antwerpen en wie besibbe oan de skatrike famylje Vogelaer.

Mei it Tolvejierrich Bestân wie it dien mei de kaapfeart, en de stêdlike prosessen ferminderen, dat Cats koe ein 1612 al syn tiid en jild ynfestearje yn it bedykjen fan ûnderrûn lân yn Siuwsk-Flaanderen. Nettsjinsteande dat er in protte tsjinslach hie en boppedat in rjochtsaak waard er nei in oantal jierren grutgrûnbesitter.

Fan 30 oktober 1621 oant 31 maart 1623 wie er pensjonaris fan Middelburch. Dêrnei waard er pensjonaris fan Doardt fan 1623 oant 1636. Op 3 july 1636 waard er beneamd ta riedpensjonaris fan Hollân, dêr't njoggen jier letter it amt fan grutsegelbewarder by kaam. Cats hie fan 1629 oant 1631 ek al koarte tiid riedpensjonaris west. Oant 1651 hâlde er dy funksje.

Oan de ein fan de Grutte Gearkomste op 27 septimber 1651, joech er syn amten oer. Syn Munnikenhof by Grijpskerke, de Catshoeve by Groede en boppe-al Zorgvliet tsjûgje fan syn doel oer ekonomy en syn leafde foar it bûtenlibben. Cats is de folksdichter fan Nederlân, al hat net al syn wurk de tiid trochstien. Hy stoar op Zorgvliet (De Haach), yn it hûs dat no de amtswente fan de minister-presidint is, it Catshûs. Hy waard begroeven yn de Kleastertsjerke yn De Haach, dêr't op syn eardere grêf in tinkteken stiet.

Bibliografy

Embleem fan Monita amoris virginei (1620)

Spreuk

Dickwijls siet men dat de sotten
Met de wijse lieden spotten;
Maer wie sich nae wijsheyt stelt,
Laat de gecken ongequelt.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: