de himrik fan It Heidenskip
It Heidenskip

It Heidenskip (offisjeel Frysk) is in doarp yn Súdwest-Fryslân, súdeast fan Warkum, mei 375 ynwenners (1 jannewaris 2004). Oant 2011 lei It Heidenskip yn de eardere gemeente Nijefurd.

It Heidenskip wurdt foarme troch it gebiet tusken de Fluezen, it Fliet, en de Alde Dyk (in âlde slieperdyk). De wenkearn leit wat nei de eastkant, net fier fan de Grutte Gaastmar. Bûten de kearn lizze ferspraat yn de streek boerepleatsen.

Skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan oarsprong hjitte dy wenkearn de Brânburren, wylst "It Heidenskip" de namme fan de streek wie. Op 18 augustus 1979 waard it Warkumer part fan it Heidenskip in nij doarp. Yn dy tiid, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984, lei de wenkearn krekt noch yn gemeente Warkum, mar fan dêr nei de kant fan de Fluezen wie it Heidenskip part fan Himmelumer Aldefurd. Fan âlds is It Heidenskip tin bewenne. It wie in sompich gebiet mei in soad puollen en plassen. Troch de iuwen hinne ûntstie in feanlaach, dêr't troch der hieltyd mear "lân" kaam. De begroeiïng waard in fochtige heide-eftige fegetaasje. Wierskynlik komt dêr de namme It Heidenskip wei.

Oer de skiednis fan It Heidenskip hat Hylke Speerstra, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante in boek skreaun ûnder de titel De Oerpolder: It boerelibben efter de diken. Dat boek ferskynde yn 2006 en in jier letter yn it Nederlânsk (Utjouwerij Contact ISBN 978-90-254-2769-6).

Strjitten yn It Heidenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sport

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Heidenskip hat in ryk ferieningslibben. It doarp hat ûnder oaren in eigen fierljepskâns. De Heidenskipster toulûkers hawwe al ferskate Nederlânske kampioenskippen helle. Yn 2008 en 2010 binne hja wrâldkampioen toulûken binnendoar wurden yn Itaalje.

Eveneminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untjouwing ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn it Heidenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken oer It Heidenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorren • Bessens • BernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum) • Ingwert • IngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzen • Makkum (Boazum) • MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe Pôle • Rea Skuorre • RemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje