read | Neubaustrecken | oant 300 km/h |
oranje | Neubaustrecken | oant 280 km/h |
blau | Ausbaustrecken | 200 oant 230 km/h |
griis | Oare trajekten | oant 160 km/h |
De Intercity-Express (ôfkoarte ICE), InterCityExpress yn Eastenryk en Switserlân, is de fluchste trein fan de Deutsche Bahn.
Meiïnoar binne der 130 treinstastjons yn Dútslân dêr't de ICE stilhâldt. Yn seis oanswettende lannen (Eastenryk, Switserlân, Frankryk, Belgje, Nederlân en Denemark) binne der likernôch 50 stasjons.
Der is aardich wat krityk op de trajekten fan de ICE. Sa hawwe doarpen as Horb am Neckar en Rottweil (beide likernôch 26.000 ynwenners) en Montabaur (12.500 ynw.) in ICE stasjon. Dêrfoaroer hawwe stêden as Mönchengladbach (262.000 ynw.) en Chemnitz (245.000 ynw.) noch gjin ICE stasjon en ek gjin oare flugge treinferbinings.
De trajekten binne opdield yn trije kategoryen:
Tusken de stêden Berlyn, Frankfurt, Hamboarch, Keulen en München rydt de ICE sprinter jûns en moarns. Der binne fjouwer ICE sprinter trajekten: