Hessel Miedema (Snits, 21 jannewaris 1929 - Amsterdam, 14 april 2019) wie in Frysk dichter-skriuwer en keunsthistoarikus oan de Universiteit fan Amsterdam. Miedema gou as ynternasjonaal gesachhawwend kenner fan Karel fan Mander.

Hy wie nau belutsen by it tydskrift Quatrebras, dat út Amsterdam wei lieden waard, mar yn Fryslân net folle wurdearring krige. Fan 1957-1963 wie er direkteur fan Museum It Prinsessehof. Syn literêre wurk tsjûget fan krêft en byldzjend fermogen, mar ek fan koarte azem. Naam yn april 1964 ôfskied fan de fryske literatuer.

Yn 1963 gie er werom nei Amsterdam om syn dissertaasje oer Karel fan Mander te skriuwen.

Miedema stoar yn de âldens fan 90 jier yn syn wenplak Amsterdam.

Wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: