Guy Ropartz
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Guy Marie Ropartz
nasjonaliteit Frânsk
berne 15 juny 1864
berteplak Guingamp (Bretanje)
stoarn 22 novimber 1955
stjerplak Lanloup (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
berop/amt komponist
jierren aktyf 18861953
offisjele webside
www.guyropartz.chez-alice.fr

Guy Ropartz (folút: Joseph Guy Marie Ropartz; Guingamp, 15 juny 1864 – Lanloup, 22 novimber 1955) wie in Frânsk komponist, dirigint, muzikant en dichter fan etnysk Bretonsk komôf. Syn komposysjes omfiemen fiif symfonyen, trije fioelsonates, twa sellosonates, seis snaarkwartetten, in pianotrio, in snaartrio, trije balletten, in stikmannich koraalwurken en in ferskaat oan oare muzykstikken. Yn syn wurk liet Ropartz him hast altyd ynspirearje troch en ferwiisde er gauris nei syn Bretonske erfskip.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Ropartz waard yn 1864 berne yn Guingamp, yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord, yn Bretanje. Hy folge syn muzikale oplieding yn 't earstoan yn Rennes, mar ferfolge dy fan 1885 ôf oan it Konservatoarium fan Parys yn Parys. Dêr studearre er ûnder Théodore Dubois en dêrnei ûnder Jules Massenet, en rekke er goed befreone mei de jonge Georges Enesco. Letter learde er foar oargelist ûnder César Franck.

Karriêre

Fan 1894 oant 1919 stie Ropartz oan it haad fan it Konservatoarium fan Nancy yn Nancy, dat doedestiden in depindâns wie fan it Konservatoarium fan Parys. Dêr stifte er opliedings yn 'e altfioel (1894), de trompet (1895), de harpe en it oargel (1897) en de tromboane (1900). Hy sette ek útein mei in jierliks weromkearend seizoen fan symfonykonserten mei it troch him stifte orkest fan it konservatoarium, dêr't letter it Orchestre Symphonique et Lyrique de Nancy út fuortkomme soe.

Ropartz wurdt sterk assosjearre mei de weroplibbing fan 'e Bretonske kultuer út dy tiid, mei't er de teksten fan Bretonske skriuwers lykas Anatole Le Braz en Charles Le Goffic op muzyk sette. Hy stipe de striid foar selsbestjoer foar Bretanje, en joech him yn 1898 by de Bretonske Regionalistyske Uny (URB). Hy wie ek earefoarsitter fan 'e Bretonske Feriening fan Komponisten (ACB), dy't yn 1912 oprjochte waard.

Oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch kaam komponist Albéric Magnard, in freon fan Ropartz, om doe't er syn hûs ferdigene tsjin 'e binnenfallende Dútske troepen. De wente waard neitiid troch de Dútsers yn ljochte lôge set en baarnde oan 'e grûn ta ôf. Dêrby giene ferskate noch net publisearre manuskripten Magnard ferlern. Ropartz rekonstruëarre neitiid út syn ûnthâld wei ien fan 'e weirekke wurken, Magnard syn opera Guercœur.

Nei ôfrin fan 'e oarloch wie Ropartz fan 1919 oant 1929 direkteur fan it Konservatoarium fan Straatsburch yn Straatsburch, dat er ferhuze nei it it gebou fan it eardere parlemint fan Elzas-Loataringen. Yn dyselde tiid wied er ek dirigint fan it Filharmoanysk Orkest fan Straatsburch. Yn dy hoedanichheid oefene er gâns ynfloed út op 'e foarming fan jonge muzikanten lykas Charles Munch. Ropartz wie ek behelle, as sjuerylid, yn 'e takenning fan 'e Prix Blumenthal, in stúdzjebeurs dy't fan 1919 oant 1954 takend waard oan gâns ûnthjittende Frânske keunstskilders, byldhouwers, graveurs, skriuwers en muzikanten.

Lettere jierren en ferstjerren

Yn 1929 gie Ropartz mei pinsjoen, wêrnei't er him weromloek yn syn lânhûs yn it Bretonske Lanloup. Yn 1949 waard er keazen as lid fan 'e Académie des Beaux-Arts ("Akademy fan 'e Skiene Keunsten"), dêr't er Georges Hüe opfolge. Ropartz gie troch mei it komponearjen fan muzykstikken oant er yn 1953 syn gesichtsfermogen alhiel ferlear en blyn rekke. Hy kaam twa jier letter, yn 1955, te Lanloup te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 91 jier.

Muzikale komposysjes

Orkestrale muzyk

Balletten

Keamermuzyk

Koraalmuzyk

Fokale muzyk

Foar stim en orkest

Foar stim en piano

Foar koar

Pianomuzyk

Oargelmuzyk

Literêre publikaasjes

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.