Frans Ram (Schiedam, 23 maart 1948) is in byldzjende keunstner út Hegebeintum. Ram folge in oplieding oan de ABK Willem de Kooning yn Rotterdam. Hy makket figurative mins- en bistefigueren yn brûns. Syn abstrakte wurk makket er benammen fan natuerlike materialen as moarmer, granyt of hurdstien. Op It Amelân stean fiif bylden fan syn hân. By gelegenheid fan de 800e Súdlaardermerk, makke hy yn 2000 in libbensgrut monumint fan in hynder en twa keaplju. Tema fan syn wurk is Natoer en Lânskip, soms realistysk, dan wer abstrakt. As materiaal brûkt Ram waarfêst stiel, brûns en kombinaasjes fan materialen. Hy wurket frij, mar ek wol yn opdracht.
Frans Ram hie eksposysjes yn Museum Willem van Haren (2007)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |