Faye Dunaway
akteur
Faye Dunaway, 2008
Faye Dunaway, 2008
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dorothy Faye Dunaway
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 14 jannewaris 1941
berteplak Bascom
jierren aktyf 1962-no
prizen sjoch artikel
offisjele webside
IMDb-profyl
Faye Dunaway
Op it Cannes filmfestival 2001

Dorothy Faye Dunaway (Bascom (Florida), 14 jannewaris 1941) is in Amerikaansk aktrise.

Biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faye Dunaway waard berne yn Bascom, Florida. Har heit wie sersjant yn it Amerikaanske leger. Sy studearre oan de toanielôfdieling fan de Universiteit fan Boston en oan de Universiteit fan Florida. Begjin jierren '60 debutearre hja as aktrise op Broadway. Har filmdebút makke sy yn 1967, yn Hurry Sundown. Yn dat jier spile hja ek de rol fan Bonnie yn de film Bonnie en Clyde. Dy rol smiet har in Oscar-nominaasje op. Ek foar har rol yn Chinatown (1974) waard hja foar in Oscar nominearre. Yn 1976 wûn se in Oscar foar de bêste froulike haadrol yn de film Network.

Fanôf de jierren '80 spile sy lytsere rollen yn films en foar telefyzje. Dunaway soe letter sizze dat har swier bekritisearre rol yn Mommie Dearest (1981) har karriêre as liedend aktrise bedoarn hat. Dunaway hat twa kear troud west en is twa kear skieden. Fan 1 augustus 1974 oant har skieding yn 1979 wie sy troud mei Peter Wolf, leadsjonger fan de rockband J. Geils Band. Yn 1984 troude se mei Terry O'Neill (1938-2019), in Britske fotograaf. Mei O'Neill hat se ien bern, mar yn 2003 hat hja sein dat it in oannaam bern is. Dunaway hat har as folwoeksene bekeard ta de Roomsk-katolike tsjerke.

Filmografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gastrollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oscars en Oscarnominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Faye Dunaway fan Wikimedia Commons.