Eppie Dam | ||
skriuwer | ||
Eppie Dam | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 maart 1953 | |
berteplak | De Pomp | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Roman, Berneboek, Poëzy | |
prizen | Rely Jorritsmapriis (1973), (1975), (2015), Simke Kloostermanpriis (2001), Gysbert Japicxpriis (2017) | |
jierren aktyf | 1973-No |
Eppie Dam (De Pomp, 5 maart 1953) is in ûnderwizer, dichter en skriuwer út Sleat.
Dam groeide op yn in agrarysk fermidden en folge de oplieding ta ûnderwizer. Hy wurke earst op Urk en sûnt 1991 yn Balk. Eppie Dam is in tige produktyf skriuwer. Hy skriuwt û.o. romans, berneboeken, kollums en gedichten en hat redakteur west fan Trotwaer. Hy skriuwt njonken it Frysk ek yn it dialekt fan De Pomp, it Pompstersk. Hy wûn in kearmannich de Rely Jorritsmapriis fan it Rely Jorritsma-fûns. Yn 2001 krige er foar Dingeman krijt wjokken de Simke Kloostermanpriis.
Yn tsjerklike fermiddens makke er namme as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn ferskate perioades fan in tsjerklik jier. Hy skreau lieten tegearre mei Hindrik van der Meer dy't de meldijen komponearre. Foar de Stifting It Fryske Boek skreau er yn 1989 it boekewikegeskink, de novelle De tomaat. Dat wie it earste boek sûnt jierren dat spesjaal skreaun wie as in boekewikegeskink. Syn berneboeken wolle net moralisearjend wêze. It giet him mear om ferdraachsumheid, oprjochtens en solidariteit. It giet oer ûnderwerpen dy't de bern fan no dwaande hâlde. De bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman sette Eppie Dam oer yn it Frysk en ferskynde as Wurd foar Wurd.
Eppie Dam is in de Fryske literatuer hast de iennichste dy't in bulte oer sport en benammen fuotbal skriuwt. Sa skreau er yn 2001 Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Ek skreau er in biografy oer Abe Lenstra en yn 2007 ferskynde it libbensferhaal fan Henk Kroes. foar ferskate Fryske tydskriften en kranten hat er kollums skreaun. Oer sport, mar ek oer taal, literatuer, ûnderwiis en natoer. 65 fan dy kollums waarden útjûn ûnder de titel Damstikken.