Dolf Verroen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rudolf Johan Verroen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 novimber 1928
berteplak Delft (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre berneboeken, lit. romans,
koarte ferhalen, poëzij, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
De Kat in de Gordijnen
Hoe Weet Jij Dat Nou?
Een Leeuw met Lange Tanden
Slaaf Kindje Slaaf
útjouwer Uitgeverij Leopold
prizen Sulveren Griffel
jierren aktyf 1955 – no
offisjele webside
www.dolfverroen.nl

Dolf Verroen (folút: Rudolf Johan Verroen; Delft, 20 novimber 1928) is in Nederlânsk skriuwer, benammen fan berneboeken. Hy hat dêrnjonken ek literêre romans en koarte ferhalen, gedichten en non-fiksje skreaun. Fierders wurke er as oersetter en literatuerkritikus.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Verroen waard yn 1928 berne yn Delft, dêr't er nei de skoalle gie. Letter wenne er yn De Haach, dêr't Frânsk studearre en neitiid wurke by ferskate boekhannels en op guon kantoaren. Teffens wied er in skoft lang nachtredakteur by de krante Het Vrije Volk.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn earste boek skreau Verroen doe't er noch mar fjirtjin jier wie. Dat soe sechstjin jier letter, yn 1958, útjûn wurde as Het Boek van Jan-Kees. It earste boek fan sines dat publisearre waard, wie yn 1955 de dichtbondel In Los Verband, dy't foarsjoen wie fan yllustraasjes troch Miep de Leeuwe en Willy Rieser. Yn 1956 waard Verroen syn novelle Van Eeuwigheid tot Amen yn 'e mande mei Het Zwarte Licht fan Harry Mulisch nominearre foar de Stedspriis fan Amsterdam. Dêrnei folgen inkele romans en de ferhalebondel Onderdak (1961).

Verroen syn Sjoe en Piet, út 1960, wie it earste Nederlânske berneboek dat oer in gastarbeidershúshâlding gie. Yn 'e 1960-er jierren wie Verroen benammen aktyf as oersetter. Sa fertaalde er Millicent the Monster (ûnder de titel Mirjam het Monster), in berneboek fan Mary H. Lystad, út it Ingelsk. Om't er it net iens wie mei de strekking fan dat boek, skreau er yn 1973 Gelukkig Word Je Elke Dag een Beetje Groter. Dat wie it begjin fan in rige emansipearre berneboeken foar famkes en jonges, wêryn't ek folwoeksenen net sparre waarden.

Benammen yn 'e 1970-er en de 1980-er jierren hie Verroen in protte súkses mei syn berneboeken. Hy wûn yn dy tiid trije kear in Sulveren Griffel, foar De Kat in de Gordijnen (1979), Hoe Weet Jij Dat Nou? (1981) en Een Leeuw met Lange Tanden (1987). Foar Allemaal de Boom in wûn er yn 1978 boppedat in Italjaanske Premio Europeo. De boeken fan Verroen waarden bûten Nederlân oerset yn it Baskysk, Deensk, Dútsk, Frânsk, Italjaansk, Japansk, Katalaansk, Koreaansk, Noarsk en Turksk. Binnen Nederlân ferskynden guon fan syn wurken yn it Frysk, it Stellingwerfsk en it Papiamintysk.

Verroen waard foar syn fertsjinsten as berneboekeskriuwer yn 1999 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Yn 2006 hie Verroen, benammen om utens, grut súkses mei syn anty-rasistyske berneboek Slaaf Kindje Slaaf (ek bekend as Hoe Mooi Wit Ik Ben), dat foar 1863 spilet, doe't yn Suriname de slavernij noch bestie. It boek gie oer it famke Maria, dat foar har tolfde jierdei in slaafke kriget dat Koko hjit. Verroen wûn mei it wurk datselde jiers noch foar de oersetting Wie schön weiß ich bin de Deutscher Jugendliteraturpreis en de Gustav-Heinemann Friedenspreis. Yn 2011 wûn er foar de Italjaanske oersetting Il Regalo Nero ("It Swarte Geskink") de Premio Legambienta en de Premio della Citt'a di Bella.

Verroen skreau yn 2016 it berneboekewikegeskink Oorlog en Vriendschap, dat foarsjoen waard fan yllustraasjes fan 'e hân fan Charlotte Dematons. Yn 2019 wûn er syn fjirde Sulveren Griffel foar Droomopa.

Yn 2020 ûntstie der opskuor om Verroen hinne, doe't de anty-rasismebeweging dy't (ek yn Nederlân) op gong kommen wie nei de moard op George Floyd troch de plysje fan Minneapolis, him tsjin 'e doe 92-jierrige skriuwer kearde om't Slaaf Kindje Slaaf in rasistysk boek wêze soe. Verroen waard oerladen mei haatmail, foar it meastepart, neffens himsels, "bar min stavere". Berneboekeresisint Pjotr van Lenteren fan 'e Volkskrant wiet it trelit oan it feit dat "hele folksstammen allinne eksplisite, letterlike teksten begripe". Hy skreau ek: "Dit is net it momint om ien yntegere skriuwer ûnrjochtlik te bekritisearjen; dit is it momint […] om op te stean […] foar better skiednis- èn literatuerûnderwiis."[1]

Priveelibben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Verroen wennet "al jierren" (neffens yn eigen webside) yn Fryslân, om presiis te wêzen yn Sint-Nyk.

Wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berneboeken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toanielstikken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oar wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar
1956 Stedspriis fan Amsterdam nominearre bêste boek Van Eeuwigheid tot Amen
1978 Premio Europeo (Itaalje) wûn bêste berneboek Allemaal de Boom in
1979 Sulveren Griffel wûn bêste berneboek De Kat in de Gordijnen
1981 Sulveren Griffel wûn bêste berneboek Hoe Weet Jij Dat Nou?
1987 Sulveren Griffel wûn bêste berneboek Een Leeuw met Lange Tanden
2003 Plom fan 'e Moanne (septimber) wûn bêste berneboek Een Hemel voor Beer
2006 Deutscher Jugendliteraturpreis wûn bêste berneboek Slaaf Kindje Slaaf (Wie schön weiß ich bin)
Gustav-Heinemann Friedenspreis (Dútslân) wûn bêste berneboek Slaaf Kindje Slaaf (Wie schön weiß ich bin)
Kinder- und Jugend-Hörbuch des Jahres 2006 wûn bernelústerboek fan it jier Slaaf Kindje Slaaf (Wie schön weiß ich bin)
2011 Premio Legambienta (Itaalje) wûn bêste berneboek Slaaf Kindje Slaaf (Il Regalo Nero)
Premio della Citt'a di Bella (Itaalje) wûn bêste berneboek Slaaf Kindje Slaaf (Il Regalo Nero)
2019 Sulveren Griffel wûn bêste berneboek Droomopa

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Santen, Kirsten van, Anti-racisten boos over anti-racistisch boek Verroen, yn: de Ljouwerter Krante, 3 july 2020, s. 3.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.