Dirk Jan Henstra (Inkhuzen, 31 maart 1927 - Grins, 12 maaie 2016) wie in ekonomysk histoarikus. Henstra hat him nei syn pinsjoenearring talein op de stúdzje fan de midsiuwske histoarje fan Magna Frisia. Dat late yn 2000 ta syn proefskrift wêrmei't hy oan de Ryksuniversiteit Grins (RuG) ta doktor yn de Letteren promovearre. Yn syn aktive karriêre wie er ûnder oaren lid fan it Kolleezje fab Bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins en fan Sosjaal Heger Underwiis Fryslân (SHF).

Proefskrift

It proefskrift is grûnfêste op de wergeld-hypotese wêrmei't in stikmannich histoaryske en monetêre ferskynselen ferklearre wurde dy't oant dan ta net goed ferstien waarden.

Yn de midsiuwen wie Fryslân foar it grutstepart ûnôfhinklik. Dat die bliken in goede gelegenheid te wêzen om ûnferoarlike yndikatoaren foar it fuotljocht te bringen fan net late evolúsje fan ekonomyske ynstitúsjes. Dy fan jild is dêr ien fan. It Fryske Ryk wie de streek fan wiete gebieten oan de Noardseekust fan it hjoeddeiske Nederlân en Noard-Dútslân. Dat yn de Midsiuwen wie it dreech om Frisia oer lân te berikken, mar hie it wol in strategyske lizzing foar hannel oer see. Noch keningen as keizers noch oare hearskers slagge it om de Friezen te oermasterjen. Feitlik wie der gjin sintrale autoriteit yn Frisia dy't de natuerlike ûntjouwings fan ekonomy of rjocht 'fersteure' koe.

Oar wurk

Yn letter wurk kamen ûnderwerpen oan de oarder sa as de Lex Frisionum en de 17 Kêsten.

Publikaasjes

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat:

  1. Publikaasjetekst: "In dit boek gaat D.J. Henstra in op de vraag waarom alleen Frisia zich aan het grafelijk gezag wist te onttrekken. Henstra betrekt talloze middeleeuwse bronnen bij zijn onderzoek en brengt verworven inzichten tot een aantrekkelijke synthese. Voor het eerst wordt zo de grafelijke geschiedenis van de Friese gebieden, en daarmee deels ook van Nederland en Noord-Duitsland, uitgebreid toegelicht. Daarmee is een belangrijke lacune in de vaderlandse geschiedschrijving gevuld. Een pionierswerk".