Flaggen dy't yn de Bataafske Republyk brûkt waarden.

De Bataafske Republyk (doetiidsk Nederlânsk: Bataafsche Republiek) (19 jannewaris 1795 - 1801) wie in republyk dy't it grutste part fan it hjoeddeiske Nederlân omfette. Fan 1801 oant 1806 waard de Bataafske Republyk opfolge troch it Bataafsk Mienebest (doetiidske Nederlânsk: Bataafsch Gemeenebest), hoewol't dat steatsferbân faak as in subfoarm fan 'e Bataafske Republyk sjoen wurdt. De Bataafske Republyk is ûntstien út de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, mei militêre stipe fan Frankryk en wie feitlik in fazalsteat fan Frankryk. Dy stipe waard djoer betelle: de Republyk moast tsientallen miljoenen gûne dellizze foar de Franske troepen dy't yn Nederlân legere waarden (Ferdrach fan Den Haach). Ek letter die bliken dat de saneamde 'koälysje' mei Frankryk fan ien kant komme moast. Yn de striid tsjin de Ingelsken en by de neifolgjende fredesûnderhannelings wiene de Frânsken gau ree en ruilje de Nederlânske koloanjen foar tasizzings fan Ingelân.

Departeminten

Yndieling fan de Bataafske Republyk yn departeminten 1798 - 1801

1798-1801

Literatuer