Arjen Pieter Versloot (Skidam, 1965) is in taalûndersiker (dialektolooch) en heechlearaar Frysk yn Amsterdam.

Biografy

Nei syn gymnasium B- oplieding studearre Versloot geografy mei as spesjalisaasje kartografy yn Utert. Foar it Frysk hat er in soad dien op it mêd fan plak- en wetternammen. Neist in taalatlas makke hy ûnder de namme fan syn kartografybedriuw 'Versloot-kartografy' yn Hilaard kaarten foar boeken en brosjuers en plattegrûnen foar ynformaasjepanielen.

Versloot waard yn 2010 de opfolger fan Goffe Jensma, dy't begjin 2010 beneamd waard ta heechlearaar oan de Universiteit fan Grins. Versloot wie al dosint oan de Universiteit fan Amsterdam ferbûn. Dêrfoar wurke er as haad fakgroep Taalkunde by de Fryske Akademy en wied er ek anneks mei de ûntwikkeling fan de Fryske Staveringshifker foar de kompjûter yn opdracht fan de provinsje. Yn 2008 promovearre hy oan de Universiteit fan Grins op de 'Lûdferswakking yn it Frysk fan de 15e iuw'.

Oant 2002 bestie it Frysk as folsleine stúdzje oan de UvA, tsjintwurdich allinnich as minor.

Wurk

Taalkunde

Oare publikaasjes yn taalkunde

Yn kartografy, geografy, nammekunde, politike wittenskippen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: