Amal El-Mohtar
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Amal El-Mohtar
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 13 desimber 1984
berteplak Ottawa (Kanada)
etnisiteit Libaneesk-Arabysk
wurk
taal Ingelsk
sjenre SF en fantasy, poëzij,
essay's, resinsjes
bekendste
  wurk(en)
The Truth About Owls
The Green Book
útjouwer Papaveria Press
Cheeky Frawg
prizen 3x Rhysling Award
Locus Award 2015
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
amalelmohtar.com

Amal El-Mohtar (Ottawa, 13 desimber[1] 1984) is in Kanadeesk skriuwster, dichteresse, essayiste, literatuerkritika, blôchster en harpiste. Hja wûn trije kear de Rhysling Award mei har poëzij, en yn 2015 waard har foar har koarte ferhaal The Truth About Owls in Locus Award takend.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

El-Mohtar waard yn 1984 berne yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa. Har âldelju binne etnysk Arabyske ymmigranten út Libanon wei.[2] Hja sette yn 2005 útein mei in karriêre as skriuwster fan koarte fiksje fan 'e sjenres science fiction en fantasy. Dêrnjonken skriuwt se ek poëzij en essay's, en hâldt se ferskate blôchs by. Har koarte ferhalen publisearret El-Mohtar yn in ferskaat oan tydskriften en blomlêzings. Yn 2011 brocht hja har earste dichtbondel út, mei as titel The Honey Month.

Mei har poëzij wûn El-Mohtar al trije kear, yn 2009, 2011 en 2014, de Rhysling Award foar bêste koarte gedicht. Yn 2010 waard har koarte ferhaal The Green Book nominearre foar in prestizjeuze Nebula Award foar bêste koarte ferhaal. In oar ferhaal fan harres, The Truth About Owls, wûn yn 2015 de Locus Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Yn 2019 wûnen El-Mohtar en Max Gladstone de Hugo Award en de Nebula Award foar bêste novelle foar harren wurk This Is How You Lose the Time War.

El-Mohtar is fierders ek aktyf as literatuerkritika, en is sûnt 2006 as redaktrise belutsen by it fearnsjierblêd Goblin Fruit. Teffens wie hja yn 2010 redaktrise by in edysje fan it blêd Mythic Delirium.

Wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Novelles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bondels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gedichten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Essays

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kritiken (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2009 Rhysling Award wûn bêste koarte gedicht Song for an Ancient City
2010 Nebula Award nominearre bêste koarte ferhaal The Green Book
2011 Rhysling Award wûn bêste koarte gedicht Peach-Creamed Honey
2014 Rhysling Award wûn bêste koarte gedicht Turning the Leaves
2015 Locus Award wûn bêste koarte ferhaal The Truth About Owls
2020 Hugo Award wûn (mei Max Gladstone) bêste novelle This Is How You Lose the Time War
Nebula Award wûn (mei Max Gladstone) bêste novelle This Is How You Lose the Time War

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. El-Mohtar, Amal, Birthday Stuff for Friends and Family (blôch)
  2. Biografyske ynformaasje op 'e webside fan 'e útjouwerij Papaveria Press

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.