Akkrum
Buorren
Buorren
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 3.320 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 11,92 km², wêrfan
- lân: 11,18 km²
- wetter 0,73 km²
Befolkingsticht. 296 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 02' N 5° 50' E
Kaart fan Akkrum
Kaart fan Akkrum
Offisjele webside
akkrum.net
Kaart
Akkrum (Fryslân)
Akkrum

Akkrum is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente It Hearrenfean. Akkrum foarmet tegearre mei Nes in twillingdoarp.

It doarp hat 3.320 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Akkrum is ûntstien tusken twa streamen, de Boarn en de Trigreppel. It âldste diel fan it doarp bestiet út It Heechein, de Wide Steech, de Dringelstrjitte en de Boeresteech dy’t foar in part tsjin de terp midden yn it doarp lizze. De terp mei in hichte fan 2,7 m is ûntstien tusken 525 en 725. [3] De âlde Slachte waard oer de terp lein en waard letter doarpsstrjitte.

Eartiids stiene yn en om Akkrum sa’n tweintich pleatsen, dêr’t njonkelytsen huzen tusken boud waarden, sadat fan in doarp sprutsen wurde koe. It bestean fan pleatsen tusken de gewoane bebouwing kin grûn jaan oan de hypoteze, dat de boeren de earste bewenners west ha: dat wiene grif de feeboeren, omdat it soarte grûn fan de Lege Midden him net lient foar bougrûn. It plak dêr’t se har ta wenjen hie in reden: tusken twa wetters, oan in terp, befeilige troch de Slachte tsjin it wetter fan de Middelsee en de Boarn en boppedat mei rûnom greide. It is net goed te sizzen yn hokker jier fan in doarp sprutsen wurde koe. Der kin heechút oannomd wurde dat om de tolfte iuw útwreiding fan bewenning west hat en dat doe út de eardere delsetting in doarp fierder groeid is oan de Leppedyk noard fan de Boarn. Om 1500 hinne is it âlde Akkrum delbaarnd, mar it is wer opboud.

Namme

De namme waard wol skreaun as Ackrom, Ackerem, Aeckerem, Ackerum, Ackerim en Accrum. It ûntstean fan de namme is net dúdlik. De encyclopedie van van Friesland (1958) jout oan, dat dy “misschien” ‘op de Akker’ of ‘it hiem fan Akker”, (in persoansnamme) betsjut. Ek dr. J. de Vries wiist op it lêste. Dr. Buitenrust Hettema hellet de Aldgermaanske namme “Akke” derby. Gildemacher tinkt oan de âldfryske namfalsútgong yn it meartal –en of –um. It earste stikje soe weromgean kinne op ake ‘fiskdaam’. De namme soe dan soksawat betsjutten ha as ‘by de fiskdamen’. Yn Fryslân binne mear fan soksoarte nammen foar lykas yn De Ake, in oare namme foar it Miedumer Djip. Yn de Fryske Nammekunde 2 wiist Sipma it Aldfryske wurd “Ake, Aeke of Aecke, dat wetter betsjut, sûnder dat lykwols yn ferbân te bringen mei de doarpsnamme Akkrum, mar as “Hiem oan it Wetter, mooglik ferhispele ta “Aeckerem” (1452) wol taheakke wurde kin oan de list fan ûnderstellingen. Direkt oan de namme keppele is de namme fan Eagmaryp.

Reuzen

De aardichste ferklearring fan de namme komt út in folksferhaal: Yn it reuzeteltsje binne twa reuzen de Boarn oan it graven. As de iene efterom sjocht stint er: "A, krom". Dêrfandinne de namme Akkrum en ek de Kromme Knilles. Jan de Wit makke nei oanlieding fan it teltsje foar Akkrum in keunstwurk fan de twa reuzen, dat oan It Stalt stiet.[4]

It âlde gemeentehûs fan Utingeradiel

Akkrum wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 it haadplak fan de gemeente Utingeradiel. Dêrnei wie Akkrum in doarp yn de gemeente Boarnsterhim en nei opheffing fan dy gemeente op 1 jannewaris 2014 waard it doarp by de gemeente It Hearrenfean yndield.

Kleaster Ealsum

De Wikipedy hat ek in side Kleaster Ealsum.

Justjes benoarden Aldskou lei yn de midsiuwen it tsjerkedoarp Ealsum oan de Boarn; no is it in buorskip. Koart nei 1400 is dêr it dûbelkleaster 'Maria's hûs yn Bethlehem' stifte fan de tertsjarissen of beginen. Yn 1474 waarden strangere kleasterregels ynfierd. It kleaster baarnde yn 1521 ôf; it waard opnij boud, mar yn 1580 opheft.[5]

Earder yn Akkrum

Nijbou

Mienskip

Akkrum hat mei Nes in mienskiplik doarpsbelang (webstee). Oars as oare doarpen hiene Akkrum en Nes gjin eigen doarpshûs. Sûnt 2019 is dat feroare mei de iepening fan Doarpskeamer ED oan de Lange Miente 5.[6][7]

Tsjerke

2023 Akkrum, protestantske Terptsjerke

Skoallen

Kanadeeskestrjitte
Pleats oan de Leppedyk

De twa basisskoallen binne sûnt 2013 ûnderbrocht yn in nije mienskiplike lokaasje. Mei de iepening fan de nije Iepenbiere Skoallemienskip Sânwâlden yn Grou yn 2002 kaam der in ein oan it MAFU en de húshâldskoalle yn Akkrum. Oant dy tiid, lykwols, gongen de bêrn de lêste skoaldei fan it jier fan skoalle, sjongend troch de buorren: "Dit giet hjoed, ja dit giet hjoed foar’t lêste… ensfh".[8]

Ferienings

Kafee Kromme Knilles oan it Heechein

Eveneminten

Smellebrêge en Boarnswâl

Befolkingsferrin

Jier 1848 1913 1954 1959 1964 1969 1973 1999
Ynwenners 1.143 2.050 2.491 2.530 2.571 2.564 2.491 3.213
Jier 2003 2008 2010 2015 2020
Ynwenners 3.184 3.128 3.399 3.435 3.335

(Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Welgelegen

Berne

It besjen wurdich

Coopersburg

Ynfrastruktuer

Akkrum leit oan de âlde Wei nei Oerisel en de nije A32. Dy lêste giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Akkrum rint. Dy rivier komt as De Boarn fan Nes it doarp yn, en giet as de Kromme Knilles fierder nei Aldskou. Fierders jout de Meinesleat nei it súdwesten ferbining mei de Snitser Mar en jout nei suden de Polsleat ferbining mei it Hearrenfeanster Kanaal. Ek hat Akkrum in stasjon oan it Spoar fan Swol nei Ljouwert. Eastlik fan Akkrum leit jachthaven Tusken de Marren.

Strjitten yn Akkrum

Alle strjitten yn Akkrum.

Ferskaat

Mellemole

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

53° 3' NB, 5° 50' EL
It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
wizigje