De Aebingastate, (ek: Abbemahûs of Abbinga State) is in eardere state en stie súdeast fan Huzum, yn de gemeente Ljouwerteradiel. Dêr lizze no it Aebingapark en it Drachtsterplein.

De Aebingastins wurdt foar it earst om 1400 neamd as in Abba Abbingha hjir wennet. Yn 1511 wie it yn besit fan Hessel fan Abbingha (of Abbema) dy't de state werboude nei de ferwoasting yn 1498.

De eallju dy't yn de himrik fan Huizum wennen, stienen yn de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers meast oan de kant fan de Skieringers. Yn 1419/1420 waard Huzum platbaarnd troch de Ljouwerters. Yn 1481 slagge it de Skieringers om Ljouwert te plonderjen. Yn datselde jier waard de frede wer tekene, mar dy duorre net lang. By it Bieroproer yn 1487 foelen de Skieringers opnij de stêd binnen. De Skieringer Worp Lieuwes Juckema bestjoerde dêrnei Ljouwert oant de Saksyske hartoggen it bewâld oernamen. Dêrnei waarden yn 1498 in soad stinzen yn de omjouwing fan de stêd ôfbrutsen om mei it sloopmateriaal de wâlen fan Ljouwert te fersterkjen en der in blokhûs yn de stêd mei te bouwen.

By de wurksumheden oan it Drachtsterplein yn Ljouwert binne yn 2012 resten weromfûn fan de âlde Abbingastate. It giet om parten fan de muorren en de damwand, mar ek om bygelyks potten en pannen.

Bewenners

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Ronald Elward en Peter Karstkarel - Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland
  • Rients Faber - Tusken Potmarge en Jokse diel 1 fan (1993)