Vladimir Voijnovitsj
Vladimir Pûtin en Voijnovitsj, 2001

Vladimir Nikolajevitsj Voijnovitsj (Владимир Войнович) (Dûsjanbe, Tadzjikistan, 26 septimber 1932 - Moskou, 27 july 2018) wie in (Sowjet)-Russyske satiryske skriuwer en dissidint. Syn heit wie in sjoernalist fan Servysk komôf, syn mem wie fan joadsk komôf en wie heechlearaar wiskunde. Syn foarfaar, Ivo Vojnovitsj, wie in foaroansteand Servysk skriuwer út Dubrovnik.

Voijnovitsj waard yn de Sowjet-Uny tige ferneamd mei syn ferhaal 'Ik wol earlik wêze' út 1963. Syn wichtichste wurk ferskynde yn Parys yn 1975: 'De nuveraardige aventoeren fan soldaat Iwan Tsjonkin' (Russysk: Жизнь и необычайные приключения солдата Ивана Чонкина"). It boek is ek ferfilme troch de ferneamde Tsjechyske filmregisseur Jiří Menzel.

Yn syn Tsjonkin tekenet er de ienfâldige, wat ûnnoazele soldaat Tsjonkin dy't him steande hâldt yn in rasjonele, op 'e rin rekke wrâld (de Sowjet-Uny oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich) mei al syn ûnnatuerlike regels en foarskriften. Tsjonkin giet op syn gefoel ôf en brûkt syn boereferstân, libbet sa't gewoane minsken altyd dogge en bringt sa de gigantyske Sovjetmacht yn betizing. Voijnovitsj syn personaazjes binne represintatyf foar de stalinistyske Sovjetmaatskippij.

Vijnovitsj krige swierrichheden mei de oerheid doe't er in petysje mei ûndertekene dy't feroardielde skriuwers Andrej Sinjavski, Joery Galanskov, Ginzburg) begeunstigje moast. Yn 1980 waard er ferbanne nei it Westen. Hy sette him ta wenjen yn München, West-Dútslân en wurke letter foar Radio Liberty.

Gorbatsjov joech him syn Sovjetboargerskip yn 1990 werom en sûnt wenne er meastentiids yn it nije Ruslân.

Bibliografy

Sjoch ek

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vladimir Voinovich fan Wikimedia Commons.