In Takson, meartal taksa, is in groep yn in taksonomy. It hannelet dêrby net allinnich om de fierste ûnderferdieling, in groep dy't allinnich mar spesimen omfet, mar ek om hegere groepen; in takson kin ek wer oare taksa omfette. De taksanomy stribbet nei in yndieling mei taksa mei in sa grut mooglike betsjutting.

Biology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de biology gean de taksa werom op Linnaeus. Dy taksa hawwe, nei it nivo yn de taksanomy, aparte oantsjuttings:

Dêr't ferlet is fan mear nivo's fan taksa, wurde de foarheaksels boppe, ûnder- en tusken- brûkt om it tal fan nivo's út te wreidzjen.

It stribjen yn de hjoeddeiske biologyske taksonomy is nei taksa dy't lyksteld wurde kinne mei in foarâlden-soarte: alle spesimen yn it takson hawwe dy soarte as foarâlden, en oarsom hearre alle spesimen mei dy foarâlden ta dat takson.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.