Seth Gaaikema
artyst en/of kabaretier
Seth Gaaikema yn 1985
Seth Gaaikema yn 1985
persoanlike bysûnderheden
echte namme Seth Regner Gaaikema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 july 1939
berteplak Uthuzen
stoarn 21 oktober 2014
stjerplak De Bosk
wurkpaad
wurksum as kabaretier,
musicalskriuwer,
fertaler
medium Teater
jierren aktyf 1963-2014
prizen Kulturele priis fan de provinsje Grinslân (1966),
Gouden Harpe (1987),
De Kubus Musical Oeuvre Award (2000)

Seth Regner Gaaikema (Uthuzen, 11 july 1939De Bosk, 21 oktober 2014) wie in Nederlânsk kabaretier, musicalskriuwer en fertaler.

Libben en wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gaaikema syn heit en mem wiene doperske predikanten. Nei in stúdzje Nederlânske Taal- en Letterkunde, sette er útein mei it skriuwen fan teksten foar ûnder oaren foar Wim Kan. Syn earste optreden as kabaretier wie yn 1967. Yn 't earstoan trede er op mei in selskip, letter makke er solo-foarstellings.

In 1969 makke Gaaikema syn earste âldjiersjûnprogramma, Heer ik kom hier om te twijfelen. Hy briek in jier letter troch as kabaretier mei de Aldjierskonferênse Tien Miljoen Geboden, de tsien geboaden fan Mozes toetst oan de maatskippij fan de jierren santich. Yn de jierren tachtich makke er âldjierskonferênses foar de omrop Veronica. Ek yn de njoggentiger jierren makke er in stikmannich âldjierskonferênses. Gaaikema pykte der út yn it boartsjen mei wurden. Guonts ûnderfûne dat lykwols as bryk, mei omdat er dat in sa'n soad die. Nettsjinsteande Gaaikema syn grutte produksje kaam him dat op in protte krityk te stean, sawol fan kritisy as fan kollega-kabaretiers.[1]

Teksten skriuwe hie Gaaikema gjin muoite mei. Hy krige dêr ferskate ûnderskiedings foar. Ynearsten skreau er foar Wim Kan, mar sûnt 1956 skreau en fertaalde er ek teksten foar musicals.[2] Dat begûn doe't de direkteur fan it Nieuwe de la Mar Theater him frege om de lietsjes yn de musical My Fair Lady oer te setten[3]. Dêrnei folgen Oliver, Kiss Me Kate, Driestuiversopera, Les Misérables, The Phantom of the Opera, Evita, Miss Saigon, Chicago en de operette La Vie Parisienne.

Fierder skreau er de musicals Swingpop, Publiek, Grace, Kuifje: De Zonnetempel, Catharine en Adam en Eva (Dútslân).

Mei de ôfskiedsfoarstelling Wat ik nog graag zou willenyn it teäterseizoen 2013-2014 sluet Gaaikema syn 55 jierige karriêre ôf. De lêste foarstelling wie op 19 jannewaris 2014 yn de Stedsskouboarch yn Grins.

Yn it âldjiersjûnprogramma 1988 kaam Gaaikema út foar syn homoseksualiteit. Hy boaske oan syn manager; it pear wenne yn Schijndel, Noard-Brabân. Gaaikema stoar 21 oktober 2014 oan hertfalen yn it Jeroen Bosch Sikehûs.

Programma's (net folslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bydragen foar Wim Kan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eigen programma's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

DVD

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underskiedings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.coenverbraak.nl/gaaikema.htm
  2. Neffens de biografy op de webside sethgaaikema.nl sûnt 1958.
  3. My fair lady : een musical naar Pygmalion van Bernard Shaw, fan Alan Jay Lerner ; fertaling tekst: Hubert Janssen en Alfred Pleiter ; bewurking lietjes Seth Gaaikema ; H.W. Becht, Amsterdam (1956)