Satellite Award
algemiene ynformaasje
hist. namme Golden Satellite Award
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar film, tillefyzje, kompjûterspultsjes
útrikt troch International Press Academy
frekwinsje 1x jiers
datum febrewaris
plak Los Angeles (Kalifornje)
1e útrikking 1997
offisjele webside
www.pressacademy.com

De Satellite Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde troch de International Press Academy, foar de bêste wurken op it mêd fan film, tillefyzje en kompjûterspultsjes fan it foargeande jier. De Satellite Awards waarden foar it earst útrikt yn 1997, doe't se noch de Golden Satellite Awards hieten. De útrikkingsseremoanje wurdt fan 2014 ôf yn mids febrewaris holden yn it InterContinental Hotel yn Los Angeles. Earder fûn de útrikking plak yn jannewaris (1997 en 1999-2005), yn febrewaris (1998) en yn desimber (2005-2012). Yn 2005 wiene der twa útrikkings fan 'e Satellite Awards, yn jannewaris en yn desimber, wylst der yn 2013 hielendal gjin útrikking holden waard om't dat jier tusken de útrikkings yn desimber 2012 en jannewaris 2014 yn foel.

Kategoryen

film
nije media
tillefyzje
spesjale prizen


Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.