Lida Dykstra

Lida Dykstra (It Hearrenfean, 16 july 1961) is in Fryske berneboekeskriuwster. Sy skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk.

Biografy

Se groeide op yn Skarsterbrêge en ferhuze op har achttjinde nei Leien om oan de Reinwardt Akademy foar museummeiwurkers te studearjen. Nei't se ôfstudearre wie, gie se fierder mei de akademyske stúdzje Keunstskiednis; har haadfak wie ambachtskeunst. Se wennet mei man en dochter yn De Knipe.
Tusken 1986 en 1989 wurke se by de stifting Monument van de Maand, dêrnei hat se as konservator yn it Museum De Jouwer wurke. Yn 1992 begûn se te skriuwen.

Dykstra makke har debút as berneboekeskriuwster mei Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Neist boeken foar bern en jongerein skriuwt se ek ferhalen en gedichten foar folwoeksenen. Se skriuwt yn it Frysk en yn it Nederlânsk en set sels har boeken fan de iene yn ‘e oare taal oer. Foar ien fan har ferhalen krige se yn 1999 de Rely Jorritsmapriis. Har Wolken fan wol is yn septimber 2001 ûnder de titel 'Wachten op Apollo' yn it Nederlâns ferskynd. It waard bekroand mei in ‘Vlag en Wimpel’. Ek har bydrage oan de sammelbondel Listen fan goaden en bisten hat in klassyk tema, yn dit gefal it ferhaal fan Psyche. Hjerst 2003 ferskynde as aksjeboek Mûske myn famke. It is basearre op in gedicht fan Gysbert Japicx. Der binne oersettingen fan yn it Ingelsk, Nederlâns en Afrikaansk. In Welpeprint wie der foar har boeken Snotaapkes, Wolken fan wol en Lederwyntsje, bern mei krêften yn 2000, 2001 en 2006. Yn 2004 krige se foar dat boek de Simke Kloostermanpriis, yn 2007 wûn se dy priis nochris, no mei Lederwyntsje, bern mei krêften.
Yn 2009 wûn hja foar de twadde kear de Rely Jorritsmapriis mei De Lytse ik, dêrnei yn 2011 foar it ferhaal De jonge dy’t Koraal neamd waard, yn 2013 foar De dûnsflier fan de duvel en yn 2014 foar Flinteraikes.

Maart 2012 waard bekend makke dat Dykstra it Aksjeboek foar de bern fan dat jier skriuwe soe, Knipperke. De yllustraasjes wiene fan Natascha Stenvert út it Drintske Zeijen. Yn 2012 ferskynde ek it boek De nije seemearmin, mei histoaryske ferhalen foar folwoeksenen.

Tusken 2020 en 2022 wie se de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Op 16 septimber 2022 waard Dijkstra beneamd ta lid fan de Fryske Akademy.[1]

Bibliografy

Berneboeken yn 't Frysk

Lida Dykstra

Poëzij

Proaza

Nederlânsktalige boeken

Lida Dykstra

Prizen

Fryske prizen

Oare prizen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fryske Akademy benoemt vier nieuwe leden, 2022-09-16
  2. ISBN 9049926428