Joost Zwagerman
skriuwer
Joost Zwagerman, maart 2010
Joost Zwagerman, maart 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Jacobus Willebrordus Zwagerman
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 18 novimber 1963
berteplak Alkmaar
stoarn 8 septimber 2015
stjerplak Haarlim
wurk
útjouwer De Arbeiderspers, Hollands Diep
prizen AKO Literatuerpriis, Gouden Ganzenveer 2008
jierren aktyf 1986-2015
offisjele webside
http://www.joostzwagerman.nl/
It grêf fan Joost Zwagerman yn Bergen (Noard-Hollân)

Johannes Jacobus Willebrordus (Joost) Zwagerman (Alkmaar, 18 novimber 1963Haarlim, 8 septimber 2015) wie in Nederlânsk skriuwer, dichter, essayist en kollumnist.

Zwagerman wie jierrenlang oanhelle mei depresjes; op 8 septimber 2015 makke er in ein oan syn libben.[1]

Jonkheid en oplieding

Johannes Jacobus Willebrordus Zwagerman waard berne yn Alkmaar as soan fan ûnderwizers.

Doe't er njoggen wie makke er it mei de hân skreaune tydskrift, De Zwagergids, gearstald út teksten en plaatsjes fan telefyzjegidsen.

Zwagerman die de Havo oan de Ryksskoallemienskip Noord-Kennemerland yn Alkmaar. Dêrnei gie er nei de Pedagogyske Akademy. Nei syn diplomearring studearre er Nederlandse taal- en letterkunde, mar makke dy stúdzje net ôf. Yn syn studintetiid skreau er al ferskate artikelen. Nei syn stúdzje folge er in kursus kreätyf skriuwer by romanskriuwer Oek de Jong.

Wurkpaad

Zwagerman debutearre mei de roman De houdgreep yn 1986. Gimmick! (1989), syn twadde roman waard bewurke ta toanielstik en berikte in folle breder publyk. Hy skreau syn tredde boek, Vals licht, yn 1991 en krige dêrfoar de AKO Literatuerpriis. Vals Licht wie teffens de grûnslach foar in film fan Theo van Gogh (1993).
Der folgen mear romans: Chaos en Rumoer, Zes Sterren en De buitenvrouw. Zwagerman syn wurk is oerset yn tolve talen, ûnder oaren yn it Dútsk, Frânsk en Japansk.

Njonken boeken publisearre Zwagerman ek gedichten en essays. Yn 1987 ferskynde syn earste dichtbondel Langs de doofpot. Hy krige de Awater poëzy priis foar de samling Roeshoofd hemelt (2005) , dy't fjouris werprinte waard. Under syn essaybondels binne Pornotheek Arcadië (2001) en Het vijfde seizoen (2003).

Zwagerman wie teffens in warber kollumnist, foar de Volkskrant (1998–2002) en sûnt 2001 foar NRC Handelsblad. Fierders wie er presintator fan it VPRO-telefyzjeprogramma Zomergasten en die er in teätertour mei skriuwer Ronald Giphart.
Zwagerman wie teffens geregeldwei op de Nederlânske tillefyzje te sjen; yn it VARA-programma De Wereld Draait Door,[2][3] joech er geregeldwei lytse kolleezjes oer keunstûnderwerpen. Zwagerman mocht syn leafde foar de keunsten graach op een breed publyk oerbringe; dat die er op in entûsjaste, oansteklike manier.

Zwagerman wie as auteur ferbûn oan twa universteiten; yn 1998 oan de Ryksuniversiteit Grins en yn 2003 oan de Universiteit Leien. Yn 2006 hold er de Frans Kellendonklêzing oan de Radboud Universiteit Nymwegen. Jannewaris 2008 krige Zwagerman de Gouden Ganzenveer, foar syn grutte fertsjinste foar it skreaune wurd yn Nederlân.

Joost Zwagerman wenne oant syn skieding mei syn frou en trije bern yn Amsterdam. Desimber 2012 sette er him mei syn nije freondinne nei wenjen yn Haarlim.

Bibliografy

Joost Zwagerman (twadde fan rjochts) mei kollega-skriuwers Ellen Ombre en Michiel van Kempen yn 2002

Proaza

Gedichten

Non-fiksje

Oars

Sekundêre literatuer

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nu.nl - 'Schrijver Joost Zwagerman pleegt zelfmoord'
  2. dewerelddraaitdoor.vara.nl
  3. vara.nl