Sir John Bowring troch John King, 1826
John Bowring, 1867

Sir John Bowring (Exeter, 17 oktober 1792 - Claremont ûnder Exeter, 23 novimber 1872) wie ûnder mear in Ingelske radikale politikus, hannelskenner, polyglot, reizger, romantysk dichter en 4e gûverneur fan Hong Kong.

Libben en wurk

Bowring wie in soan fan in lekkenfabrikant yn Exeter en wurke ynearsten yn it bedriuw fan syn heit. Letter besocht er as reizgjend keapman it grutste part fan it Jeropeesk kontinint. Troch it sammeljen en betûft oersetten fan âldere en nijere folkslieten út hast alle parten fan Jeropa krige er in beskate bekendheid.

Fryslân

Yn oktober 1828 wie er yn Fryslân en moete doe ûnder oaren jonkhear Aebinga fan Humalda, dûmny Rinse Posthumus (by wa't er útfanhûs wie), Eeltsje Halbertsma en it selskip Constanter. Yn febrewaris 1829 besocht er de Universiteit fan Grins.

Hy skreau reisbrieven en (nuveraardige) artikelen oer Fryske literatuer mei Ingelske oersettings. Hy krige swierrichheden foaral nei it partij kiezen foar de Belgyske Opstân.

Literêr wurk

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Bowring fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bowring, John.

  • Ingelsktalige Wikipedia, John Bowring Hjir:[1]