Janny van der Molen

Janny van der Molen (Burgum, 11 oktober 1968) is skriuwster fan benammen Nederlânsktalige berne- en jeugdboeken. Har wurk is it bêste te omskriuwen as ‘ferheljend non-fiksje’.

Biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Janny van der Molen is opgroeid yn Burgum. Nei de Skoalle foar de Sjoernalistyk yn Utert hie Van der Molen ferskate kommunikaasjebanen by tal fan maatskiplike organisaasjes, dêrneist folge sy in stúdzje sosjaal-kulturele teology oan de Universiteit fan Amsterdam, dy't se yn 2001 ôfmakke mei in stúdzje oer de ynfloed fan Carl Gustav Jung op it tinken fan Etty Hillesum. Van der Molen is in pear jier aktyf west yn 'e PvdA as steate- en gemeenteriedslid. Se wennet yn De Knipe mei har man en twa bern.

Yn 2007 ferskynde Van der Molen har earste berneboek Over engelen, goden en helden – ferhalen út de grutte wrâldreligy's. Mei har ferhalen wol de skriuwster graach bern by de maatskippij belûke en harren ynspirearje om it bêste út harsels en út oaren te heljen. Van der Molen skriuwt ek foar folwOeksenen. Yn 2014 kaam har boek Ik zou lang willen leven út, in biografy fan Etty Hillesum, dy't har al ûnder har stúdzje ynspirearre.

Njonken skriuwer is Van der Molen sûnt 2021 wurksum as algemien, net-bûne geastlik fersoarger binnen de psychiatry.

Bibliografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]