Jan Pen yn 1983

Jan Pen (De Lemmer, 15 febrewaris 1921 - Haren, 14 febrewaris 2010) wie in Nederlânske ekonoom fan Frysk komôf.

Hy studearre oan de Gemeentlike Universiteit fan Amsterdam wêr’t hy yn 1950 promovearre op de teory fan’e kollektive leanûnderhannelingen. Yn 1956 waard hy beneamd ta heechlearaar yn de steathúshâldkunde en de lear fan’e iepenbiere finansjen oan de Fakulteit fan’e Rjochtsgeleardheid en dy fan’e Fakulteit fan’e Ekonomyske Wittenskippen fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy joech syn ôfskiedskolleezje yn 1986 en is dêrnei noch as heechleraar h.c. ferbûn oan de FEW.

Jan Pen priis

De Jan Pen Priis wurdt sûnt 2006 alle jierren útrikt troch de Ryksuniversiteit Grins oan it bêste profylwurkstik fan in middelber skoalgonger op it mêd fan ekonomy en maatskippij.[1].

Bibliografy

Pen hat talleaze artikels skreaun en ferskate boeken, wêrûnder:

Jierrenlang wie hy kollumnist fan Het Parool. Hy skreaun ek geregeld yn Het Hollands Maandblad en Economisch Statistische Berichten (ESB).

Ferskaat

Referinsjes

  1. http://www.rug.nl/economie/informatievoor/vwo_docenten/penprijs