Kelly as Hornbeck yn Inherit the Wind
Kelly yn 1986

Gene Kelly, wiere namme Eugene Curran Kelly (Pittsburgh, 23 augustus 1912 - Beverly Hills, 2 febrewaris 1996) wie in Amerikaansk akteur, dûnser, sjonger, filmregisseur en filmprodusint.

Gene wie de tredde soan fan James Kelly en Harriet Curran. Hy gie nei de universiteit fan Pittsburgh en dêrnei nei Broadway. It earste stik dêr't er yn meidie wie Leave It to Me yn 1938. Fan 1942 ôf spile er yn films. Syn meast ferneamde film is Singin' in the Rain (1952). Gene stoar 2 febrewaris 1996 yn Beverly Hills nei in oerhaal.

Yn 1952 krige er in eare-Oscar foar syn folsleine wurk.

Filmografy (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akteur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]