Fokker F.VII | |
---|---|
Rol | Passzjiersfleantúch |
Makker | Fokker |
Untwerper | Walter Rethel |
Earste flecht | 24 novimber 1924 |
Yn tsjinst | 1925 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | Mear as 283 fan 1925-1932 |
Grutste brûkers | SABENA, KLM, Poalske Loftmacht, Polskie Linie Lotnicze LOT |
Fariant | Fokker F.10 |
De Fokker F.VII is in heechdekker passazjiersfleanmasine boud troch de Nederlânske fleanmasinebouwer Fokker en har Amerikaanske dochterûndernimming Atlantic Aircraft Corporation. De earste fecht wie op 11 april 1924. De F.VII is troch ferskillende fleanmasinebouwers yn lisinsje makke.
It earste ûntwerp fan de F.VII kaam fan de hân fan Walter Rethel en wie in fierdere ûnjouwing fan de Fokker F.V. Anthony Fokker ferbettere it ûntwerp troch it toestel twa ekstra motoren te jaan. Dat wie teffens de konfiguraasje dêr't it yn mei die oan de Ford Reliability Tour yn 1925, dy't it ek wûn. It gefolch wie dat alle modellen fan de F.VII fan doe ôf trije motors krigen; dêrtroch waard de fleanmasine bekend ûnder de namme Fokker Trimotor.
De Fokker dy't acht oant tolve passazjiers meinimme koe waard besteld troch mannich loftfeartmaatskippij yn Noard-Amerika en Jeropa. Tegearre mei de te ferlykjen Ford Trimotor dominearre de F.VII de Amerikaanske merk yn de jierren 1920. Dochs wie it hurd dien mei de populêrens fan de F.VII nei de dea fan de Footballcoach Knute Rockne, yn in fleantúchûngemak fan Trans World Airlines flecht 599, yn in Fokker F.10 yn 1931. It ûndersyk nei de crash ûntfâlde problemen mei Fokkers Multiplex-laminaat konstruksje en hie fan gefolgen dat it type de loft net mear yn mocht foar kommersjele flechten en de rop om fleanmasines fan metaal dêr't de Boeing 247 en de Douglas DC-2 it antwurd op wienen.
Mei de F.VII is foar it earst fan Nederlân nei Nederlânsk-Ynje flein wurden. De flecht waard organisearre troch it "Comité vliegtocht Nederland - Indië". It ienmotoarige tastel, de H-NACC, wie fan de KLM. De bemanning bestie út de fleanders Thomassen à Theussink van der Hoop (KLM) en Van Weerden Poelman (Loftfeartôfdieling) en de boardwurktúchkundige Van den Broeke. Op 1 oktober 1924 waard útein set op Skiphol. Twa dagen letter makke in motorsteuring in needlâning nedich by Plovdiv yn Bulgarije. It tastel rekke licht skansearre en koe makke wurde, mar de motor moast ferfongen wurde. Under de lêzers fan it tydskrift "Het Leven" waard jild samle en dêr koe in nije motor fan kocht wurde. Op 2 novimber 1924 koe de flecht fuortset wurde. Op 23 novimber waard Muntok berikt en op 24 novimber waard eindoel Batavia berikt dêr't in útskroevene kloft minsken de bemanning ynhelle.
De H-NACC is nei in tal pleatslike flechten út elkoar helle en mei in stoomskip fan de Keninklike Rotterdamske Lloyd werom nei Nederlân brocht. Op 9 july 1926 ferûngelokke de masine yn tichte mist by Wolvertem (Belgje).
De F.VII is troch mennich loftfeartpionier brûkt:
Feiten | |
---|---|
Bemanning | 2 |
Passazjiers | 8–10 |
Lingte | 14,35 m |
Spanwiidte | 19,30 m |
Hichte | 3,81 m |
Fleugeloerflak | 58,5 m² |
Gewicht leech | 1.950 kg |
Startgewicht | 3.650 kg |
Heechste faasje | 185 km/û op 1.980 m |
Tsjinstplafond | 2.600 m |
Fleanberik | 1.160 km |
Motor | trije 9-sylinder-stjermotors Wright J-5 Whirlwind fan 164 kW it stik |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker F.VII fan Wikimedia Commons. |